Springe nei ynhâld

Isadora Duncan

Ut Wikipedy
Isodora Duncan

Isadora Duncan (San Fransisko, 26 maaie 1878 - Nice, 14 septimber 1927) wie in Amerikaanske dûnseresse. Se besocht om yn stee fan it klassyk ballet in oare foarm fan ballet te finen, dy't mear as de dûnsen út de klassike âldheid wie.

Fan har 22e ôf wenne se yn West-Jeropa en de Sovjet-Uny. As bern woe se al neat witte fan it klassike ballet. Se ûntwikkele in eigen styl en wie de earste dy't klassike muzyk omsette yn dûns. Dit hat in grutte rol spile by it ûntstean fan de moderne dûns.

Se trede foar it earst op yn Chicago en New York, mar har grutte trochbraak kaam yn Jeropa. Nei optredens yn Boedapest en Londen, reizge se naar Parys, Berlyn, en Moskou, om dêrnei werom te gean nei Parys. Se gie op toernee troch heal Jeropa en trede op yn de grutte stêden fan Noard- en Súd-Amearika. Sûnt 1909 hie hja in eigen dûnsskoalle yn Parys. Se ynspirearre oare keunstners. Doe't yn 1913 it Théâtre des Champs-Élysées boud waard, waard se ôfbyld yn in reliëf troch byldhouwer Émile-Antoine Bourdelle en skilder Maurice Denis naam har byldnis op yn in muorreskildering.

Duncan ferlear it libben by in autoûngemak doe't hja 49 of 50 jier wie; har sjaal tekke bewuolle yn de as en tsjellen fan har auto.[1]


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Craine, Debra and Mackrell, Judith. The Oxford dictionary of dance. Oxford: Oxford University Press, Oxford, 2000. s. 152 ISBN 0-19-860106-9