Springe nei ynhâld

Aya Cash

Ut Wikipedy
Aya Cash
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAya Rachel Cash
nasjonaliteit Amerikaansk
berne13 july 1982
berteplakSan Francisco (Kalifornje)
etnisiteit Ingelsk
Joadsk
jierren aktyf2006 – no
offisjele webside
Aya Cash yn 'e IMDb

Aya Cash (folút: Aya Rachel Cash; San Francisco, 13 july 1982) is in Amerikaansk toaniel-, film- en tillefyzje-aktrise. Hja is benammen bekend fan 'e komeedzjesearjes You're the Worst en Welcome to Flatch.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cash waard yn 1982 berne yn San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't se ek opgroeide. Hja is de dochter fan 'e romanskriuwster Kim Addonizio en de boedistyske preker Eugene Cash, en it bernsbern fan Wimbledon-tenniskampioene Pauline Betz Addie en sportpublisist Bob Addie. Cash is fan mingd Ingelsk-Joadsk etnysk komôf. Se beskôget harsels as Joadinne om't se joadsk grutbrocht waard, mar se praktisearret de religy net mear.

Cash genoat in oplieding oan 'e San Francisco School of the Arts, en behelle letter in bachelorstitel yn 'e skiene keunsten oan it Guthrie Theater Actor Training Program fan 'e Universiteit fan Minnesota.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2006 sette Cash útein mei in karriêre as aktrise, wêrby't se ferskate gastrollen ferfolle yn bekende tillefyzjesearjes, lykas de plysjesearjes Law & Order, Law & Order: Criminal Intent en Law & Order: SVU, de komeedzjesearje Modern Family en de dramasearje The Good Wife. Yn 2011 hie se in fêste rol yn 'e komeedzjesearje Traffic Light, dy't ien seizoen rûn.

Fan 2008 ôf spile Cash ek yn films, wêrby't se lytse roltsjes fertolke yn û.m. Off Jackson Avenue (2008), Deception (2008), Winter of Frozen Dreams (2009), The Bits in Between (2009), The Oranges (2011), The Happy House (2013) en Begin Again (2013). Har bekendste filmroltsje hie se as Janet, de assistinte fan Jordan Belfort (spile troch Leonardo DiCaprio) yn The Wolf of Wall Street (2013). Yn 2014 spile Cash ek ien fan 'e haadrollen yn it toanielstik Trudy and Max in Love, dat off-Broadway op 'e planken brocht waard.

Yn 2014 waard Cash as Gretchen Cutler cast yn ien fan 'e haadrollen fan 'e komeedzjesearje You're the Worst, dy't rûn oant en mei 2019. Foar dy rol waard har troch de tillefyzjekritisy rûnom lof taswaaid. De webside The A.V. Club omskreau de fertolking fan har rol yn it twadde seizoen as "de bêste aktearprestaasje fan 2015". Yn 2016 waard Cash foar har rol fan Gretchen Cutler nominearre foar de Critics' Choice Television Award foar bêste aktrise yn in komeedzjesearje.

Cash waard yn 2019 cast as de superheldinne Stormfront yn it twadde seizoen fan 'e swarte komeedzje-dramasearje The Boys, dat fan septimber 2020 ôf beskikber kaam fia streamingtsjinst Prime Video. Ek yn 2020 spile Cash sjoernaliste Cheryl Peterson yn 'e nije komeedzjesearje Welcome to Flatch, dy't útstjoerd waard troch Fox.

Cash mette senarioskriuwer en tillefyzjeprodusint Josh Alexander doe't se in servearster wie yn in restaurant dêr't er gauris del kaam. Se giene sân jier mei-inoar om foar't se yn 2012 trouden. Se wenje yn New York. Cash is ambassadrise foar INARA, in non-gûvernemintele organisaasje dy't yn 'e boargeroarloch ferwûne rekke bern út Syrje medyske help jout.

Op har rêch hat Cash in tatoeaazje fan in hauk om't har altyd ferteld wie dat "aya" (איה) it Hebriuwske wurd foar "hauk" is. Doe't se Israel besocht, kaam se der lykwols efter dat aya dan in argaysk wurd foar hauk wêze mei, mar dat it yn it modern Hebriuwsk it wurd is foar "hunichfalk", in oar soarte rôffûgel.

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2006Law & OrderJanine Leskogastrol; ôfl. Kingmaker
2006Law & Order: Criminal IntentLorigastrol; ôfl. Weeping Willow
2007BrotherhoodMartha Dannersgastrol; ôfl. Shelter from the Storm (dûbele ôfl.)
2007SpellboundChrissynea útstjoerde pilotôfl.
2009Law & Order: Special Victims Unit   Katrina Lychkoffgastrol; ôfl. Hothouse
2010MercyBliss Edlesteingastrol; ôfl. Too Much Attitude and Not Enough Underwear
2010Strange Brew Lizzynea útstjoerde pilotôfl.
2011Traffic LightCalliehaadrol; 13 ôfl.
2012Friday Night DinnerLizzynea útstjoerde pilotôfl.
2012A Gifted ManTrish Sullowaygastrol; ôfl. In Case of Heart Failure
2013The NewsroomShelly Wexlerweromkearende rol; 3 ôfl.
2013We Are MenClaireweromkearende rol; 5 ôfl.
2014–2019You're the WorstGretchen Cutlerhaadrol; 62 ôfl.
2015Modern FamilyVanessagastrol; ôfl. Rash Decisions
2015The Good WifeAmber Audreygastrol; ôfl. Don't Fail
2015SirensCindygastrol; ôfl. Let Pythons Be Pythons
2015The Walkerûnbekendweromkearende rol; 2 ôfl.
2016American Dad!Jody de servearsteras stimaktrise; gastrol; ôfl. The Unincludeds
2016–2019EasySherriweromkearende rol; 4 ôfl.
2019Fosse/VerdonJoan Simonminysearje
2019Will & GraceOlivia Walkergastrol; ôfl. The Scales of Justice
2020–2022The BoysKlara Risinger / Stormfront / Liberty   haadrol (seiz. 2); weromkearende rol (seiz. 3); 10 ôfl.
2020–2022Welcome to FlatchCheryl Petersonhaadrol
2021Family Guyûnbekendas stimaktrise; gastrol; ôfl. Peterschmidt Manor
2022Robot Chickenferskaatas stimaktrise; gastrol; ôfl. May Cause Internal Diarrhea
2022The Girl from PlainvilleKatie Rayburnminysearje
2022The First LadyShirley Liebowitzweromkearende rol; 2 ôfl.
films
2008Off Jackson AvenueOlga
2008Deceptionsekretaresse #2
2009Winter of Frozen Dreamsprostituee
2009The Bits in BetweenSuzy
2011The OrangesMaya
2012Sleepwalk with MeHannah
2013The Happy HouseWendy
2013Begin AgainJenny
2013The Wolf of Wall StreetJanet
2014Loitering with IntentJesse
201610 CrosbyAyakoarte film
2016All Exchanges FinalDomkoarte film
2017Village PeopleBarbara
2017Mary Goes RoundMary
2018Brand New Old LoveHannah Becker
2018Game Over, Man!Cassie
2018Social AnimalsJane
2020Scare MeFanny
2021We Broke UpLori

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.