Frysk Orkest

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Frysk Orkest wie in profesjoneel symfony-orkest festige yn Ljouwert. It orkest is yn 1989 fusearre mei it Noardlik Filharmonysk Orkest ta it Noard Nederlânsk Orkest (NNO).

It Frysk Orkest ûntstie yn 1950, yn it ramt fan it spriedingsbelied fan de keunsten, as de profesjonele fuortsetting fan de Friesche Orchest Vereeniging dy 't bestie tusken 1918 en 1934. Om 1955 waard de needsaak fan in bettere subsidiearring twingend. By in grutte provinsjale ynsammelingaksje, stipe troch de Fryske deiblêden ûnder it biedwurd: "Iepen doekje foar it Frysk Orkest" waard it streefbedrach fan f 100.000 te boppe kaam mei f 20000,-.

It ynstellen fan in Gouden Fioeltsje foar it doarp dat wykliks it heechste gemiddelde per ynwenner hie en fan in Sulveren Fioeltsje foar wa't de meast orizjinele gedachte foar de ynsammeling hie, droegen by oan it súkses. It Gouden Fioeltsje waard wûn troch Winsum. Dat doarp joech it oan it FO dat der op syn beurt in wikselpriis foar de meast opmerklike prestaasje op muzykgebiet yn Fryslân fan makke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: