Springe nei ynhâld

Gouden Fioeltsje

Ut Wikipedy

It Gouden Fioeltsje is in Fryske wikselpriis foar klassike muzyk. De priis wurdt meast om de trije jier útrikt, al leit de perioade net fêst. It hinget ôf fan de kandidaten.

De priis waard yn 1955 ynsteld by in grutte provinsjale ynsammelaksje foar it Frysk Orkest, steund troch de fiif Fryske deiblêden út dy tiid ûnder it biedwurd: "Iepen doekje foar it Frysk Orkest" waard it doelbedrach fan f 100.000 oertroffen mei f 20000,- De ynstelling fan in Gouden Fioeltsje foar it doarp dat wykliks it heechste gemiddelde per ynwenner hie en fan in Sulveren Fioeltsje foar wa't de meast orizjinele gedachte foar de ynsammeling hie, droegen by oan it súkses fan de opbringst. It Gouden Fioeltsje waard wûn troch Winsum. Dit doarp biede it oan it Frysk Orkest oan dat der op syn beurt in wikselpriis foar de meast opmerklike prestaasje op muzykgebiet yn Fryslân fan makke.

De priis wie bestimd foar immen dy't yn Fryslân berne is en in wichtige prestaasje levere hat op it mêd fan de klassike orkest en wurdt útrikt troch Stichting It Gouden Fioeltsje. Dizze feriening hie nauwe bannen mei de Freonen fan it Frysk orkest. Yn 1989 gie it Frysk Orkest op yn it Noard-Nederlânsk Orkest. Yn 1997 binne ek de freoneferienings fusearre.

Yn desimber 2010 waard it wurkterrein dêrom ek ferbrede en waard bepaald dat de winner berne is yn ien fan de trije noardlike provinsjes. It kritearium waard ek oanpast: hy of sy moat ynternasjonaal furoare makke hawwe. As bliuwend oantinken krije de winners in gouden draachspjelde yn de foarm fan in gouden fioeltsje en in oarkunde. Mooglik wurdt der letter ek in jildpriis oan ferbûn. Yn de sjuery sitte fertsjintwurdigers fan it Noard-Nederlânsk Orkest, it Grinzer Konservatoarium en de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden.