Simone Lamsma

Ut Wikipedy
Simone Lamsma
Foto troch Otto van den Toorn, © Simone Lamsma

Simone Lamsma (Ljouwert, 1985) is in Nederlânsk fioeliste. Sy waard grutbrocht yn Burgum.

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lamsma begûn mei fioelespyljen doe't se fiif jier wie. Sy ferhuze nei it Feriene Keninkryk doe't hja alve wie om les te folgjen oan de Yehudi Menuhin Skoalle by Hu Kun. De stúdzje by him waard fuortset oan de Royal Academy of Music yn Londen oant 2003, en fan 2004 ôf wie hja learling fan Maurice Hasson. As jongste studinte ea waard sy talitten by it Bachelor of Music-programma fan de Royal Academy of Music. Sy studearre ôf op har njoggentjinde en krige doe de HRH Princess Alice’s Prize takend foar "treflik studintskip", de Louise Child Prize foar de heechste prestaasje fan lju dy't Bachelor of Music- ôfstudearre wiene en de Roth Prize foar de bêste útslach fan in fioele-eksamen.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lamsma hie har solodebút doe't hja 14 wie mei in útfiering fan it earste fioelekonsert fan Paganini mei it Noard Nederlânsk Orkest ûnder lieding fan Takuo Yuasa. Sûnt spilet sy oer de hiele wrâld.
Hja wurke gear mei diriginten sa as Sir Andrew Davis, Owain Arwel Hughes, James Judd, Eri Klas, James Loughran, Sir Neville Marriner, Lord Yehudi Menuhin, Arild Remmereit, Carlos Riazuelo, Jac van Steen, Michel Tabachnik, Yan Pascal Tortelier, Allin Vlasenko, Takuo Yuasa en Jaap van Zweden. Sy die mei yn orkesten sa as it London Symphony Orchestra, Academy of St. Martin in the Fields, London Soloists Chamber Orchestra, Keninklik Liverpool Filharmoanysk Orkest, Radio Filharmonysk Orkest, Radio Symfony Orkest, Residinsje Orkest, Nederlânsk Filharmoanysk Orkest, Noard-Nederlânsk Orkest, Brabânsk Orkest, Geldersk Orkest, Qingdao Filharmonysk Orkest, Cape Philharmonic Orchestra, KZN Philharmonisch Orkest, Orquesta Sinfónica Municipal fan Caracas, Nasjonaal Symfonyorkest fan Maleizje en Nasjonaal Symfonyorkest fan Oekraïne.

Op 30 augustus 2009 wie hja live te hearren en te sjen yn it programma Zomergasten fan de VPRO, dêr't Jaap van Zweden gast wie. Oare hichtpunten wiene fierders de nasjonale telefyzje-útstjoerings troch NPS Podium fan har útfiering fan it 1e Fioelekonsert fan Sjostakovitsj mei it Radio Filharmonisch Orkest dirigearre troch Jaap van Zweden en in 40-minuten duorjende dokumintêre oer Simone Lamsma’s libben as misikus. Fierder trede hja op by it Keninginnedeikonsert 2011 yn it bywêzen fan Keninginne Beatrix en oare leden fan de keninklike famylje, tegearre mei de Radio Keamer Filharmony û.l.f. Jaap van Zweden.

Neijier 2014 wie Lamsma saakkundich sjurylid yn it programma Het orkest van Nederland op RTL 4. Yn dat programma koene musisy harren troch audysjes in plak krije yn in orkest dat ienris optrede yn it Keninklik Konsertgebou te Amsterdam.

Prizen en ûnderskiedings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lamsma wûn de sulveren medalje by it ynternasjonale fioelekonkoers fan Indianapolis yn 2006, de earste priis by it Sineeske ynternasjonale fioelekonkoers yn 2005 en de earste priis by it Benjamin Britten-ynternasjonaal fioelekonkoers yn 2004. Yn 2003 wie hja de winner fan it Nasjonaal Fioelekonkoers Oskar Back yn Nederlân.
Ein 2010 waard har de Klassike Muzykpriis fan de Feriening fan Skouboargen en Konsertgeboudireksjes takend - kategory 'Nije generaasje musisy'. 27 jannewaris 2011 ûntfong hja de wichtige Noard-Nederlânske kultuerpriis Het Gouden Viooltje.

CD-opnames[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2006 makke Lamsma har earste opnames foar it label Naxos, mei wurk fan Edward Elgar, yn 'e mande mei de Japanske pianiste Yurie Miura. Har twadde CD foar Naxos sil in liveopname wurde fan trije fioelekonserten fan Louis Spohr, mei Sinfonia Finlandia, laat fan Patrick Gallois.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]