Hoite Pruiksma

Ut Wikipedy

Hoite Pruiksma (Warkum 1958) is in komponist en dirigint.

Pruiksma studearre oargel- en koardireksje oan it konservatoarium yn Ljouwert en dêrnei oan it Amsterdamsk konservatoarium foar koar- en orkestdireksje by ûnder oare Joop van Zon. Hoite Pruiksma dirigearde ferskate Nederlânske koarformaasjes, benammen yn de trije noardlike provinsjes, wêrûnder it Ljouwerter keamerkoar fan it Noard-Nederlânsk Konsertkoar. Boppedat wurke er wol as repetitor by it Grut Omropkoar. As koardireksjedosint wurke er ek oan it konservatoarium fan Tilburg. Sûnt 1983 is hy dirigint fan ferskate Fryske koaren, lykas it Fokaal Ensemble Boalsert, it Liturgykoar Snits, de Ljouwerter Bachferiening, it toankeunstkoar Concordia út Ljouwert en it Ljouwerter Keamerkoar.

Yn 2010 is hy dirigint/artistyk lieder fan de Noardlike Stichting foar Koarsang en Koarûnderrjocht (NSKK) en yn dat ramt muzikaal lieder fan it beropskoar Capella Frisiae en it Noordkoor (grutkoar foar foardere amateur-sjongers). As programmeur/ynisjator en dirigint wie hy belutsen by meardere muzikale foarstellings en konserten op bysûndere lokaasjes, lykas it operaspektakel Orfeo Aqua (tolve foarstellings fan Glucks opera ‘Orfeo’ by sinne-opgong oan de igge fan de Bombrekken yn 2000 ) en de muzykfoarstelling The Drunken Sailor, mei arranzjeminten fan sjanty’s en seemanslieten fan Percy Grainger, yn it fiskershaventsje fan Laaksum (2002). Neist it bekende koarrepertoire dirigearde hy nije komposysjes en wrâldpremiêres fan ûnder oare Daan Manneke, Pieter Bakker en Simon Pluister, mar ek ûnbekende âlde muzyk as it oratoarium 'Il Parnasso in Festa van 'G.F. Händel (1997 en 2003).
Hy sette âlde orizjinele manuskripten oer, - yn it mensurale noateskrift, komend út de bibleteken fan Bologna -, nei moderne partitueren en fierde se út yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert (Bologna-projekt 1994). Komponearre meardere koarwurken wêrûnder in Te Deum en de earste Fryske Jehannes Passy (premiêre 1999 yn Grutte of St. Gertrudistsjerke fan Warkum).

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1998 - Gouden Fioeltsje
  • 2005 - Jan Janssoan Starterpriis fan de Gemeente Ljouwert foar syn fertsjinsten foar de Ljouwerter poadiumkeunsten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: