Springe nei ynhâld

Noardlik Filharmonysk Orkest

Ut Wikipedy

It Noardelik Filharmonysk Orkest wie in profesjoneel symfonyorkest en siet yn Grins. It orkest is yn 1989 fusearre mei it Frysk Orkest ta it Noard Nederlânsk Orkest (NNO).

De foarrinder fan it Noardlik Filharmonysk Orkest wie it earste symfonyorkest yn de sted Grins, it Orchest der Vereeniging De Harmonie, oprjochte yn 1862 as ûnderdiel fan de eartiidske soasjeteit De Harmonie. Yn 1926 waard it orkest selsstannich en gie fierder as de Groninger Orkest Vereniging (GOV). Yn 1961 waard de namme fan it orkest feroare yn Noordelijk Filharmonisch Orkest.

Sjef-diriginten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dirigint Kor Kuiler stie 35 jier foar de GOV.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wouter Paap: Het eeuwfeest van het Noordelijk Filharmonisch Orkest. Yn: Mens en Melodie, jiergong 17 nr. 10, oktober 1962, s. 314-316.
  • Heinz Wallisch: 125 Jaar Symfonieorkest in Groningen. 1862-1987 in vogelvlucht. Utjouwerij Noordelijk Filharmonisch Orkest, Grins, 1987. 44 siden