George Stam
George (Joris) Stam (Rotterdam, 2 july 1905 - dêre, 27 april 1995) wie in Nederlânsk oargelist, komponist en publisist.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stam krige syn earste muzyklessen op it harmoanium. Yn in ynterview fertelde er dat twa Rotterdamske leararen neat yn him seagen: hy waard fuortstjoerd. Yn 1916 ferhuze de húshâlding nei Sutfen en dêr krige er les fan Cor Bute, oargelist fan de St. Walburgistsjerke dêre. Bute wie yn dy tiid ien fan de meast foaroansteande oargelisten fan Nederlân.
Fan 1922 ôf wie Cornelis de Wolf, oargelist fan de St.Eusebiustsjerke yn Arnhim, syn learaar. Yn 1925 waard De Wolf oansteld as dosint oan it Amsterdamsk Konservatoarium; George Stam gie dêr fierder mei sy oargelstúdzje. Ek krige er op dat konservatoarium les fan de komponisten Sem Dresden en Willem Pijper.
Yn 1927 die er eineksamen; syn stúdzje by De Wolf duorre oan 1933, it jier dat er ek syn Prix d'Excellence helle. By dat konsert fierde Stam de Fantasia en Fuga yn g.l.t. (J.S. Bach), Deuxième Choral (César Franck), Passacaglia en Fuga (G. Stam), Koraalfantasy 'Wachet auf ruf'uns die Stimme' (Max Reger) en in eigen ymprovisaasje út.
Ien fan de sjueryleden wie Joseph Bonnet dy't de sike Marcel Dupré ferfong. Bonnet priizge foaral de ymprovisaasje fan Stam.
Wurk 1931 oant 1992
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]George Stam waard op 12 maaie 1931 beneamd as oargelist fan de Jakobijnertsjerke fan Ljouwert, dêr't er it haadoargel fan bespile. It salaris yn dy tiid wie f 750,-. Dêrfoar wie er oargelist yn Warnsveld. Stam syn entûsjasme as musikus sloech oer op oare (oankommende) oargelisten. In protte learlingen fûnen sadwaande it paad nei Ljouwert, sa as Arnold Feddema (Damwâld), Dirk Kreger (Frjentsjer), Cor Edskes en Evert Westra (beide út Grins). Ek Klaas Boersma wie yn dy tiid in learling fan Stam. Teffens hat er dirigint fan toankeunstkoar Concordia (as opfolger fan Jan Paardekoper) en fan 1945 – 1947 orkestdirigint west by de “Ljouwerter Orkest Foriening”, dy't wol beskôge wurdt as de foarrinner fan it Frysk Orkest. Hy krige lywols skeel mei de orkestleden en joech dêrom syn funksje oer.
Yn 1949 waard Stam direkteur fan it "Conservatorium en Muziekschool van Toonkunst" letter neamd it Utertsk Konservatoarium. Hy hâlde dy funksje oant 1953. De dirigint en oarganist Charles de Wolff wie in learling fan Stam.
Fan 1953 oant 1956 wie Stam direkteur fan it Konservatoarium fan Amsterdam en fan 1950 ôf oan ek oargelist fan de Nederlânsk Herfoarme Koepeltsjerke yn dy stêd. Dêrnei waard er beneamd oan de Nederlânsk Herfoarme Westertsjerke; yn 1952 oan de Utertske Leeuwenberghtsjerke, yn septimber 1956 yn Gouda oan de Nederlânsk Herfoarme St. Janstsjerke en teffens beneamd ta direkteur fan it Rotterdamsk Konservatoarium. Yn dy perioade krigen û.o. Kees van Eersel en Herman Lammers les fan George Stam. Al op 1 oktober 1959 waard Stam oargelist fan de Grutte of Sint-Laurenstsjerke yn Rotterdam. It transeptoargel fan dy tsjerke waard boud troch de Deenske oargelbouwer Marcussen. Yn it foarjier fan 1968 gie Stam by dy tsjerke wei om oant 1992 oargelist fan de Alde Tsjerke yn Rijswijk (Súd-Hollân) te wêzen.
Komposysjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1931 Passakaglia en Fuga
- 1937 Fantasie over bekende Nederlandsche Volksliederen voor Orgel, in rige bewurkingen, efterelkoar fan it Wilhelmusliet, Merck toch hoe sterck, De zilvervloot, O Heer die daer en Wilhelmus.
- Tema mei fariaasjes.
- Ymprovisaasje oer twa krystlieten.
- Psalm 92 en Psalm 105.
- 196. Koraalboek by de psalmen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|