Sint-Martinustsjerke (Ferwert)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
de Sint-Martinustsjerke yn Ferwert

De Sint-Martinustsjerke is in tsjerke yn Ferwert yn de provinsje Fryslân.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke wie oarspronlik wijd oan Martinus. De ienbeukige tsjerke út de 15e iuw hat in sealtektoer mei trije klokken. Om 1525 hinne waard de toer ferhege en yn dyselde perioade waard it koar foltôge. Op de súdmuorre is in sinnewizer, dy muorre hat ek hege goatyske spitsbôgefinsters, de noardmuorre is sletten en befettet noch dowestien. It ynterieur wurdt oerdutsen troch in stjerferwulft en ûnder it koar sit in grêfkelder; sa is Gemme fan Burmania op 5 desimber 1602 begroeven yn de tsjerke. It oargel út 1872 is makke troch Adema.

Yn de jieren 1926/1927 en 1934/1935 waard de tsjerke restaurearre neffens plannen fan Hendrik Hendriks Kramer. De tsjerke is in ryksmonumint.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karstkarel, Peter Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven (2007) Ljouwert/Grins, Utjouwerij Noordboek, ISBN 978 9033005589
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Seist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90-400-9476-4