Maria Sterk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Maria Sterk

Maria Sterk (Hallum, 5 juny 1979) is in Fryske maratonrydster.

Yn 2005 einige se as tredde yn de Essent Cup en op 11 febrewaris foel se it wrâld-oererekord foar froulju oan dat doe noch yn hannen wie fan Lian van Tol mei 34.507,30 meter.[1] It rekord fan Van Tol wie 34.507,30 meter.[2][3] Op 30 maart 2005 bruts se dat rekord op Thialf op It Hearrenfean en mei in ôfstân fan 36.441,26 meter. By dat besykjen it rekord te brekken harke se nei muzyk fan Anastacia, Anouk en Tina Turner om hat te stimulearjen. Begjinnend mei rûntsjes fan 37 sekonden naam se in foarsprong fan in minút op it âlde rekord foardat se oan rûntsjes fan 40 sekonden begûn. Op de einstreek wie har gemiddelde rondetiid 39,5 sekonden, wat genôch wie om it rekord te brekken en te bringen op in ôfstân fan 36.441,26 meter.

Maria Sterk waard twadde yn de Greenery Seisdeiske fan 2006. Se koe gjin wedstryd winne, mar einige as twadde yn twa wedstriden en garre genôch punten om twadde te wurden efter Daniëlle Bekkering, mar foar Elma de Vries.[4] It slagge har boppedat om earste en twa tredde plakken te heljen yn de Essent Cup 2006-2007.[4] Se waard tredde efter Bekkering en De Vries.

Utslaggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Plak Kampioenskip
2009 18 NK Ofstannen 3000 meter
2010 7 NK Ofstannen 5000 meter
2011 12 NK Ofstannen 3000 meter
2011 5 NK Ofstannen 5000 meter

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Schaatsster Sterk wil werelduurrecord breken, knsb.nl
  2. Maria Sterk doet aanval op werelduurrecord, frieschdagblad.nl
  3. Schaatsster Sterk wil werelduurrecord breken, knsb.nl
  4. 4,0 4,1 Maria Sterk, wereldvanoranje.nl