Fersetsmonumint Ferwert
It fersetsmonumint fan Ferwert, ek bekend as As 't nedich is, is in monumint ta oantins fan it Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldoarloch.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferwert woe graach in oarlochsmonumint hawwe dat utering joech oan it ferset fan de befolking yn de oarlochsjierren. De Utertske byldhouwer Jan van Luijn makke in byld fan "in krêftige mannefiguer, dy't it karakter fan dizze streek draacht. Oan de iene kant, wat tebekholden, hat de figuer in skeppe yn 'e hân, en oan de oare kant, mear yn it sintrum fan it omtinken wurdt in gewear beret omklamd , mei de hâlding fan in minske, dy't, as er twongen wurdt, net wifket der syn frijheid mei te ferdigenjen." Van Luijn makke ek fersetsmonuminten foar Appelskea en Wolvegea.
It monumint waard op 4 maaie 1956 ûntbleate.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It byld fan Frânske kalkstien toant in heal knibbeljende man, mei in skeppe yn de linkerhân en in gewear yn de rjochterhân. Yn de foet fan it byld stiet As 't nedich is. It stiet op in fan bakstiennen opmitsele pylder, dêr't in plakette yn set is mei de nammen fan achttjin oarlochsslachtoffers út de gemeente Ferwerderadiel.