Gerard Heymans

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gerardus Heymans)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Pompeblêd.png
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Gerard Heymans
Gerard Heymans yn 1906
Gerard Heymans yn 1906
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 17 april 1857
berteplak Ferwert
stoarn 18 febrewaris 1930
stjerplak Grins
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
berop/amt filosoof en psycholooch
aktyf as heechlearaar
bekendste
  wurk(en)
Die Gesetze und Elemente des wissenschaftlichen Denkens,
Einfürhrung in die Ethik (1914).

Gerardus (Gerard) Heymans (Ferwert, 17 april 1857 - Grins, 18 febrewaris 1930) wie in Nederlânsk filosoof en psycholooch.[1] Fan 1890 ôf wie er heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG) yn de filosofy mei as learopdracht ûnder oare de sielkunde, in funksje dy 't er oant 1928 ferfolle. Ek wie er rektor magnifikus fan de RUG yn it kolleezjejier 1908 -1909.[2] Heymans wurdt sjoen as ien fan de wichtichste filosofen fan Nederlân en as de grûnlizzer fan de Nederlânske psychology.[3][4]It oprjochtsjen fan it psychologysk laboratoarium yn 1892 wurdt markearre as de start fan de eksperimintele psychology yn Nederlân.[5]

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heymans waard berne yn Fryslân as soan fan de gemeentesekretaris Jan Heijmans en syn frou Sara Wijsman. Hy gie yn Ljouwert nei de HBS en studearre dêrnei rjochten en wiisbegearte oan de Universiteit fan Leien dêr 't er lid wie fan it Leidsche Studenten Corps.[4] Yn 1880 promovearre er yn 'e steatswittenskippen. Dêrnei folge er wiisbegearte oan de universiteit fan Freiburg im Breisgau dêr 't er yn 1881 op promovearre. Yn datselde jier troude er yn Leien mei Anthonia Barkey. Hy krige wurk as repetitor, ien dy 't studinten helpt tarieden foar eksamens, en dêrnei as privaatdosint yn de wiisbegearte oan de Universiteit fan Leiden.

Yn 1890 waard Heymans beneamd as heechlearaar oan de fakulteit Letteren en Wijsbegeerte oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy soe lesjaan yn 'e wiisbegearte en de sielekunde. Hy en syn frou wennen earst yn in hearehûs oan de Stasjonsstrjitte yn Grins dêr 't Heymans yn 1892 syn psychologysk laboratoarium opsette. Yn 1894 kamen hja yn ’e filla oan ’e Ubbo Emmiussingel te wenjen dy ’t hja ûntwerpe litten hiene troch H.P. Berlage. Fan 1908 -1909 wie Heymans rektor magnificus fan de RUG. Yn syn speech sketste er in takomst fan in psychology mei in protte maatskiplike wearde. Yn it jier dêrnei, yn 1910, stoar syn frou Anthonia.

Yn 1909 krige Heymans in grutte kolleezjeseal en romte foar syn laboratoarium tawiisd. Syn kolleezjes wiene populêr en lutsen ek in soad studinten fan oare stúdzjes, heechleararen en oare ynteressearren. Heymans hat dêrom syn kolleezjes ek wol twa kearen jaan moatten. Heymans bleau troch syn akademyske karriêre boeken en artikels publisearje binnen ferskate fakgebieten fan 'e filosofy en psychology. Yn 1926 wie er foarsitter fan it Ynternasjonaal Kongres fan Psychology dat doe yn Grins hâlden waard. Uteinlik gie Heymans yn 1927 mei pensjoen. Trije jier letter ferstoar er neidat syn sûnens hurd achterút gien wie.

Heymans ûnderhold in soad goede freonskippen, sa ek mei oare heechleararen. Hy makke bygelyks geregeld lange kuiers mei J. C. Kapteyn en wie hy goede freonen mei Enno Wiersma, heechlearaar psychiatry en neurology, wêrmei 't er ek meardere ûndersiken die. Dêrneist ûntfongen hy en syn frou faak besite en útfanhuzers lykas Sebald Steinmetz en syn frou dy 't er yn syn studintetiid yn Leiden kennen leard hie.

Heymans hat ek lid fan meardere ferieningen west. Sa wie er bygelyks fan 1900 ôf lid fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW ). In jier nei de Earste Wrâldoarloch sei syn lidmaatskip lykwols op om 't er fûn dat de Akademie him net neutraal genôch opstelde tsjinoer wittenskippers út Dútslân en Eastenryk. Yn 1919 waard Heymans de earste foarsitter fan de Studievereniging voor Psychical Research (SPR ). Dit is de Nederlânske fariant fan de Society for Psychical Research dy 't yn 1882 yn Grut-Brittannië oprjochte is. Hy luts him in pear jier letter lykwols werom omdat der binnen de feriening te min belangstelling wie foar wittenskiplik ûndersyk. Dêrneist krige Heymans ek in soad ûnderskiedingen. Sa waard er Commandeur yn de Oarder fan Oranje Nassau en wie er earelid fan The British Psychological Society.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Figuer 1.

Heymans wie in grut foarstanner fan de empiryske metoade en fierde it eksperimint yn wêr't dat mar koe. Yn 1892 rjochte er yn Grins it earste Nederlânske psychologyske laboratoarium yn, dêr't hy ûndersyk die yn de algemiene psychology. Yn neifolging fan Wilhelm Wundt yntrodusearre er sadwaande de eksperimintele psychology yn Nederlân.

Heymans' wurkterrein rûn fan de kennislear, metoadology, metafysika, estetika, etyk en heilslear oant de algemiene psychology, spesjale psychology, psychology fan de froulju en parapsychology. Op it mêd fan de psychology ûntwikkele er de teory fan it psychologysk monisme, dat stelt dat de wurklikheid mar út psychyske prosessen bestiet, en dat it inkel de sintugen binne dy't se as fysyske ferskynsels oan ús foardwaan litte. De "kubus fan Heymans" wie in werjefte fan syn typology.

Psychology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heymans fergelike psychology faak mei de natuerkunde. Hy wie derfan oertsjûge dat foar psychology ek wetten formulearre wurde koene en die dêrom folle ûndersyk nei algemiene waarnimming. Hy waard sterk beynfloede troch de psychology yn Dútslân. Heymans begûn dan ek mei ûndersyk nei psychyske remming. In foarbyld dêrfan is dat ast lichte pine hast yn 'e linkerearm, mar dan in slimmere pine fielst yn 'e rjochter, wurdt de pine yn 'e linkerearm ferstomme. Hy basearre syn ûndersyk op eardere resultaten fan Weber en Fechner.

Heymans die ek in soad ûndersyk nei fisuele yllúzjes. De bekendste foarbylden binne de Müller-Lyer en de Zöllner yllsie. Troch hjir eksperiminteel ûndersyk nei te dwaan woe er de ferskate ferklearringen fan oare psychologen en dy fan him sels teste. Hy ûntwurp ferskate opstellingen wêrby 't proefpersoanen oanjaan moasten wannear 't tochten dat de linen like lang (Müller-Lyer) of lykwidich (Zöllner) wiene. Hy publisearre beide ûndersiken, nei yllúzjes en remming, yn it Zeitschrift für Psychologie.

Heymans wie de earste psycholooch dy 't in typology, in klassifikaasje fan persoanlikheidstypes, basearre op emperysk ûndersyk. Dizze typology wurdt ek wol de ' kubus fan Heymans ' neamd (sjoch figuer 1).

Parapsychology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Figuer 2. Opstelling foar it parapaparologysk ûndersyk troch Heymans

Ein njoggentjinde, begjin tweintichste iuw, wie der binnen de psychology ek in soad ynteresse nei parapsychology (doe psychikal research neamd). Bekende psychologen lykas William James, Alfred Binet, Francis Galton en ek Heymans hiene ynteresse yn of diene ûndersyk nei parapsychology. Tusken 1920 en 1923 hat Heymans ûndersyk dien nei telepaty mei de studint Van Dam as proefpersoan. Figuer 2 lit de proefopstelling sjen, wêrby 't Van Dam achter it gerdyn siet en sinjalen opfange moast fan de proeflieder dy 't yn syn gedachten de hân fan de proefpersoan late.

Psychologysk laboratoarium[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Figuer 3. It psychologysk laboratoarium fan Heymans yn 1923.

It psychologysk laboratoarium fan Heymans begûn yn 1892 as keamer yn syn hûs oan de Stasjonsstrjitte. Foar de bou fan de filla oan de Ubbo Emmiussingel waard rekken hâlden mei it laboratoarium. De romte lei oan de wetterkant en hie ekstra dikke muorren om safolle mooglik lûd tsjin te hâlden. Oant 1909 ta fierde Heymans hjir syn eksperiminten út mei syn frou as wichtichste proefpersoan. Foar syn eksperiminten hat Heymans in grutte kolleksje oan apparaten kocht of meitsje litten. Se wiene yn earste ynstânsje kocht foar edukaasje en demonstraasjes, bedoeld om psychologyûnderwiis oantreklik te meitsjen. De measte fan dizze apparaten wiene foar ûndersyk nei sintúchlike waarnimming.

Doe 't it Akademygebou yn 1906 foar in grut part troch brân ferwoeste wie, waarden der gau plannen makke foar in nij gebou. Yn dit nije gebou soe ek romte beskikber komme foar it laboratoarium fan Heymans. De romte dy 't Heymans krige, bestie út in grutte kolleezjeseal en fjouwer wurklokalen. Ien fan dy lokalen wie spesjaal ynrjochte foar fisuele en auditive eksperiminten. Der waarden no ek mear praktika jûn en studinten koene eksperiminten replisearje en meidwaan as proefpersoan.

Yn 1927 joech Heymans de lieding oer oan syn eardere lab-assistint en op dat stuit lektor pedagogyk Henri Brugmans. Oant 1956 siet it lab yn it Akademygebou fan de RUG.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heymans skreau in tweintichtal monografyen, wêrfan der inkele postúm ferskynden, en in hûnderttal artikels. In oersjoch fan syn boeken:

  • Einführung in die Metaphysik, Leipzig, Barth 1905
  • De toekomstige eeuw der psychologie, Rede útsprutsen by de oerdracht fan it rektoraat fan de Ryksuniversiteit yn Grins op 20 septimber 1909. Grins, Wolters, 1909.
  • Die Psychologie der Frauen, Heidelberg, Winter, 1910
  • Psychologie der vrouwen, Under tafersjoch fan de skriuwer yn it Ned. oerbrocht troch J.F. van Hees, Amsterdam, 1911
  • De oorlog en de vredesbeweging, Grins 1914
  • Einführung in die Ethik auf Grundlage der Erfahrung, Leipzig, Barth 1914
  • Die Gesetze und Elemente des wissenschaftlichen Denkens, Ein Lehrbuch der Erkenntnistheorie in Grundzügen, Leipzig, Barth, (3e hersj.) 1915
  • Het psychisch monisme, Baarn, Hollandia, 1915.
  • La philosophie de Heymans, G. Heymans & TJC Gerritsen, Paris, Alcan, 1938
  • Beitrag zur Psychologie der tragischen Dramatiker. Eine psychologische Studie, nach Heymans' biographischer Methode bearbeitet, G. Heymans & G. Pannenborg, Den Haach, Nijhoff, 1939.
  • Inleiding tot de logica en methodologie, G. Heymans bewurke en foltôge troch W.A. Pannenborg, Leien, Sijthoff, 1941.
  • Inleiding in de metaphysica op grondslag der ervaring (Einführung in die Metaphysik), G. Heymans, nei de tredde Dútske printinge oersetten troch H. Tulner. Under tafersjoch fan L. Polak, Amsterdam, WB, 1943 (3e).
  • Een schijn-psychologie. Een kritische studie over de psychologie van Heymans en Wiersma, G. Heymans & G. Meijering, Assen, Van Gorcum, 1944. 206 siden
  • De Groninger psychologie en de critiek van dr. Meyering. Met een inleiding van Prof.dr. H.J.F.W. Brugmans. G. Heymans & T.T. ten Have, Grins, Wolters, 1946.
  • Inleiding tot de algemeene psychologie volgens Prof. dr. G. Heymans. Bewurke troch W.A. Pannenborg. Utjûn troch it Heymans-Genoatskip. Grins, Wolters, 1949.
  • Over metafysica en esthetica. Utjûn, ynlieden en fan oantekeningen foarsjoen troch H.G. Hubbeling. Baarn, Ambo, 1987.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. H.G. Hubbeling, HEIJMANS, Gerardus (1857-1930). Biografisch Woordenboek van Nederland (12-11-2013). Geraadpleegd op 25 september 2022.
  2. Catalogus Professorum Academiae Groninganae. Gerardus Heymans. https://hoogleraren.ub.rug.nl/hoogleraren/250-heymans-gerardus
  3. D. Draaisma, H. G. Hubbeling, F. van Raalten, P. J. van Strien, H. G. van der Veen, J. Venster, en J. J. van der Werff, Gerard Heymans, objectiviteit in filosofie en psychologie. Het Wereldvenster (1983). ISBN 9029397977.
  4. 4,0 4,1 V. Busato, M. van Essen en W. Koops (Eds.)., Vier grondleggers van de psychologie : G. Heymans, F. Roels, G. Révész, J. Waterink (Ser. Pioniers van de Nederlandse gedragswetenschappen, [dl. 1]).. Uitgeverij Bert Bakker (2013). ISBN 9789035137936.
  5. Een laboratorium voor de ziel: Gerard Heymans en het begin van de experimentele psychologie, Douwe Draaisma (Ed.). Utjouwer: Historische Uitgeverij Groningen, 1992 ISBN=9065544909