Camminghastate (Ferwert)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Camminghastate
Cammingha State
Cammingha en it mûntsehûs yn Ferwert. It goed fan de Cammingha's grinze oan it lân fan it Mûntsehûs fan kleaster Foswert dat yn 1289 noch liengoed fan Sibrand Heslinga wie. Om 1100 strieden Cammingha's en Heslinga's tsjin elkoar

Camminghastate stie noardwestlik fan Ferwert, gemeente Ferwerderadiel. De state of stins is al foar 1400 boud.

Cammingha waard foar it earst neamd yn 1468 as in een slotken dat beheert is van een geheeten Ticke. In 1511 heette het Kammyngen guedt to Ferwert. Dizze Ferwerter stins wie ien fan de huzen fan de Cammingha's, ien fan de oansjenlikste en earst fermelde Fryske aadlike famyljes. Yn de 12e iuw wurde meardere eallju, wêrûnder in Kempo, yn Blije, in dochterparochy fan Ferwert, neamd. Yn de 16e iuw waarden se troch Sibrandus Leo as foarâlden fan de Cammingha's fan Cambuur en fan dy yn Ferwert sjoen.

Yn 1399 waard Gerrolt Cammingha fan Ferwert troch de Hollânske greve Albrecht fan Beieren beliend mei de hearlikheid fan ûnder mear Ferwert en Ljouwert. Hy wie troud mei Hac Sidses Cammingha fan Cambuur. Harren stins yn Camminghabuorren wie yn de jierren om 1400 in Hollânsk steunpunt yn it opstannige Fryslân. Cammingha fan Ferwert kin oan sibben fan Gerrolt komd wêze, mar de beliening mei Ferwert en ek de lettere gegevens oer de Cammingha's wize der op dat hy ek mei syn berteplak Ferwert relaasjes hâlden bleau. Gerrolts dochter Wick troude mei Taco Cammingha út Ferwert, in sib yn de fjirde graad fan har heit Gerrolt, dy't yn 1422 as Fetkeaper haadling foarkomt. In tiidgenoat, mooglik in neef fan Taco, wie Gerbeth Kammingha fan Ferwery. Yn 1418 wurdt hy as iehear (doarpsrjochter) yn Ferwert, yn 1422 as Skieringer haadling en yn 1448 als meirjochter yn Ferwerderadiel neamd. Hy soe troud west hawwe mei Doedt Bottesdr Helbada fan Ferwert. Foar 1475 troude hy mei Doedt Holdinga, de widdo fan Taeke Mockema. Yn 1468 waard Taeke ("Ticke") neamd as militêr belangryk haadling yn Eastergoa: in Hollânske spion sprekt fan it doarp "geheeten Ferwart mit een slotken dat beheert is van een geheeten Ticke". Yn 1475 waard Mockema-huys yn Dokkum, dêr't Taeke en Doedt doe tahâlden, troch Sydts Bottinga en Aede Jongama sûnder súkses belegere.

Camminghastate wie mei Herjuwsmastate it wichtichste adelshûs yn Ferwert. It byhearrende lân grinze oan it geastlik goed fan dee parochytsjerke en lei diels yn de opstrek dêrfan. By in opmjitting fan 1645 waard de omjouwing fan it hûs beskreaun as: "het hornleger is met de graft, singel ende coy samt uytreed tesamen ruim 23 pondemaat groot bevonden". Op de kaarten fan 1718 en 1832 is in rom patroan fan grêften, singels en leanen te sjen. In leane ferbûn de state mei de tsjerke. Om 1600 waard by it hûs in "plantage" oanlein, en ek om 1720 skynt fannijs oan de túnoanlis wurke te wêzen. De tekening fan Stellingwerf lit in ienfâldich langhalich hûs sjen út de 16e en 17e iuw. It bestie út 4 dielen, wêrfan trije gedielten yn elkoars ferlingde stiene en in fjirde diel dat heaks op it middelste gedielte stie. Dizze 4 boudielen wienen allegear mar ien ferdjipping heech en hienen sealdakken. Eventuele midsiuwske resten binne net te sjen.

It stee wie tagonklik troch in poartegebou. It gebou sil tsjin de ein fan de 16e iuw boud wêze en wie dêrmei folle âlder as it poartegebou fan it Poptaslot yn Marsum. It poartegebou hie boppe de trochgong trije ferdjippings mei ramen en wie dêrmei sa heech, dat it troch steunbearen skreage wurde moast, wylst de koerbôgige trochgong troch pylders flankearre waard. De geveltop wie rynsk fersierd mei rolwurk yn de styl fan Hans Vredeman de Vries. Tsjin it poartegebou oan stie in achtsidige treptoer, dy't heech opgie en bekroand waard troch in spits mei sipel. Dit poartegebou is yn 1818 ôfbrutsen.

Om 1976 waard by in ruilferkaveling it grêftestelsel foar in grut part wersteld en hjirby waarden resten fan it poartegebou fûn mar gjin fundearrings. De famylje Van Herpen hat it terrein doe op in eigen manier ynrjochte as "Cammingha Hof" dat sa no en dan te besjen is.

Bewenners
  • om 1400 Gerrolt Cammingha, yn 1399 te Camminghaburen by Ljouwert
  • 1412 Taco Cammingha fan Ferwert en syn frou Wick Gerroltsdr. Cammingha
  • 1418, 1422, 1448 Gerbeth Kammingha fan Ferwert
  • 1468 Taeke Helbada, troud mei Doedt Holdinga, widdo fan Taeke Mockema
  • 1511 - 1512 Gerbeth (of Gerbrand) Mockema
  • Rints fan Mockema en Syds fan Sjuxma
  • 1540 Aebe fan Sjuxma
  • ± 1600 Womck fan Mockema, troud mei Roeland fan Achelen
  • Womck fan Unia
  • Hindrik fan Marsum
  • Jurjen fan Vierssen
  • Assuerus fan Vierssen
  • 1698 Titia fan Vierssen en Fr. Azn. fan Boerum
  • - 1729 Allard fan Boerum, troud mei Alexandrine Eleonore fan Plettenberg
  • 1729 - 1730 Alexandrine Eleonore fan Plettenberg
  • 1730 Assuerus Vegilin fan Claerbergen
  • ± 1740 - 1788 Tjalling Homme fan Haersolte
  • 1789 - 1808 Anna Elisabeth fan Ychten
  • 1818 D. J. Folkertsma
  • 1976 - no famylje Van Herpen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Elward en Karstkarel - Stinsen en States, Adellijk wonen in Friesland, 1992
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp, ± 1955
  • States en stinzen yn Fryslân