Springe nei ynhâld

Roeland fan Achelen

Ut Wikipedy

Roeland fan Achelen wie in Frysk grytman. Wie troud mei Womck, dochter fan Juw Mockema en Lisk Heringa, by wa't er in dochter hie. Yn 1602 wenne hy yn Ferwert op Camminghastate.

Yn de Nederlânske Opstân keas er de Spaanske side en waard op 14 oktober 1572 oansteld as grytman fan Dantumadiel. Op 29 oktober lei hy de eed ôf by syn neef Igram fan Achelen, presidint fan it Hof. Wie yn 1573 ek dykgraaf fan Dantumadiel. Yn 1576 ruile hy mei Oene fan Wytsma syn gritenij tsjin dy fan Hinnaarderadiel, mar binnen in jier die er dêr al ôfstân fan, twongen troch de tiidsomstannichheden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Chalmot - Biografisch Woordenboek I, side 41
  • Winsemius - Historie van Friesland, side 175;
  • L. van Beyma - Tractatus de Grietmannis, additamenta
  • Baerdt van Sminia - Nieuwe Naamlijst van grietmannen, Ljouwert 1837, side 118, 244;
  • Stads- en Dorpskroniek van Friesland (Leeuw. 1930) I, side15.
  • Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW)