Kinnemasate

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Kinnema sate)
Jump to navigation Jump to search
De Kinnemasate yn Hantum

Kinnema sate is in pleats út 1877 oan de noard-westside fan Hantum mei in yn 1877 yn eklektyske styl boud dwershûs.

Der wie al folle earder bebouwing op it stee; de skuorre hat in jiertalankers mei it jier 1774. De pleats is begjin 20e iuw ferboud en yn de jierren 1989 en 1990 renovearre. It ynterieur is noch foar in part it oarspronklike út de 19e iuw, mei ûnder mear in stúkplafond, dêr't de fjouwer seizoenen op ôfbyld binne. De tinkstien mei it boujier 1877 bringt de opdrachtjouwers foar de bou te binnen, it pear Berend Johannes Hannema (1848-1910) en Trijntje Jans Meinsma (1848-1934).

De buorkerij is erkend as ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rykstsjinst foar it Kultuereel Erfgoed: Kinnema sathe, Hantum
  • Stenvert, Ronald (et al.) (2000) Monumenten in Nederland. Fryslân, útj. Wanders, Swol
  • Hantum (gemeente Dongeradeel)