Donia

Ut Wikipedy

De famyljenamme Donia heart ta oan ferskate famyljes dy't grutte ynfloed hân hawwe yn Fryslân.

Harinxma-Donia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bekendste famylje wie fan ien stam mei de Harinxma's. Seis bruorren dêrút (ûnder oaren Haring fan Donia) spilen in grutte rol ûnder de Skieringers fan Súd-Westergoa (1450-1500, Donia-oarloch). Under de lettere leden wiene ek Frans fan Donia en stie Keympe fan Donia op de foargrûn. Syn takke stoar út tusken 1700-1750.

Noch tsjin 1800 bestie yn de Súdlike Nederlannen de takke fan Hotze (± 1550-1562 útwykt nei Leuven).

Dantumawâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oar laach wienen de Donia's fan Dantumawâld, Binnert (fermoarde 1473) yn Ingwierrum en Lou.

Pier Gerlofs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Faaks de ferneamste persoan mei Donia as fan is, is de skiedkundige Pier Gerlofs Donia.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]