Donia-oarloch
De Donia-oarloch wie in gewelddiedich konflikt yn it tiidrek fan de Fryske Frijheid, yn de jierren 1458-1464 doe't de partijstriid tusken Skieringers en Fetkeapers op syn fûlst wie. It konflikt stiet bekend as in oarloch, om't der fûl by fochten waard en in protte wreedheden by begien waarden, mar wie benammen in bluoddrige familystriid tusken de twa haadlingen geslachten, de Harinxmas en de oan har besibbe Donias en dêr't diverse fetes neist elkoar yn útfochten waard. De troch skiednisskriuwers brûkte term 'Donia-oarloch' hâldt dan ek net yn dat it om ien oarloch gie: eltse fete hie syn eigen oanlieding, syn eigen begjin, syn eigen dielnimmers en waard ek troch in ôfsûnderlike soen wer beëinige. Neffens de histoarikus Peter fan Thabor foelen yn de oarloch 224 deaden, dêr't 213 soldaten (feinten) en 11 eallju (haadlingen) fan wienen.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It konflikt gie tusken trije haadlingen út de famylje Harinxma yn respektivelik Heech, Snits en Drylts en dy't as Skieringske partij oantsjutte waard. Har tsjinstanners wienen har seis neven Donia, soannen fan Sierck Harinxma op it Doniahûs yn Easterein. Fan hûs út ek Skieringsk sochten dizze lêsten har bûnsmaten by de 'Fetkeaperske' haadlingen Gale Galama fan Koudum, Jancko Douwema fan Langwar en Doitse Albada fan Jirnsum. De Donia-oarloch sette útein yn de Súdwesthoeke fan Westergoa en wreide út nei de Sânwâlden.
De oanlieding foar de fijânlikheden moatte socht wurde yn it fetewezen fan dy tiid en it stribjen nei lokale en regionale hegemony fan de ferskillende ôfsûnderlike lokale hearskers yn midsiuwsk Westerlauwersk Fryslân. De striid waard mei wikselend sukses fierd. Dan wer wie de iene partij oan de winnende hân, dan wer de oare partij. Der waard om in grut tal stinzen fochten dêr't in protte fan ferskillende kearen wiskele fan besitter of ferwoaste waarden. Yn totaal wurde der 20 stinzen neamd dêr't striid om levere is. By de gefjochten foelen in soad slachtoffers.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|