Springe nei ynhâld

Janko Douwama

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jancko Douwema)
Janko Douwama
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Frysk
berne ±1482
berteplak Aldeboarn
stoarn 13 april 1533
stjerplak Vilvoorde
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt haadling
aktyf as frijheidsstrider
jierren aktyf 15141523

Janko Douwama, yn âlde skriften meastentiids ek skreaun as Jancko Douwama of Jancko Douwema, (Aldeboarn, 1482 - Vilvoorde, 13 april 1533) wie in Fryske politikus en frijheidsstrider.

Janko Douwama wie in Fryske haadling dy't út it Fetkeaperske fermidden ôfkomstich wie. Syn heit en mem wiene Douwe Douwama en Riem Fokkes Eesckes. Doe't de Skieringers ûnder oanfiering fan Juw Dekama de help fan de Saksen ynroppen ferliet hy it lân. Hy kaam yn 1502 werom en waard ien fan de lieders fan de ûntefreden Friezen yn de Saksetiid. Yn 1506 festige hy him yn Ferwert, neidat er earst boaske mei Teth Luersema fan de Olt Luersemaheerd fan Beswert. Mei har krige er seis bern: Anna, Rempt, Douwe, Teth, Goffe en Tjepcke.

Douwama die earst mei mei de Geldersken (1514), mar rekke yn 1520 yn ûngenede. Hy holp Karel V by de bemastering fan Fryslân, mar waard as ferrieder wantroud troch beide partijen. Hy kaam tsjinoer de steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch te stean, dy't, tegearre mei Keimpe fan Martena, syn ûndergong bewurkje soe. Douwama stie ek yn kontakt mei East-Fryslân. Op 12 juny 1523 waard hy finzen setten yn Vilvoorde, dêr't hy sûnder proses nei tsien jierren fan lijen en tramtearrings ferstoar. Syn ideeën libben troch by Syds Tjaerda en Karel Roorda, en hy wurdt neamd troch Petrus Thaborita.

Oft hy wier yn Vilvoorde syn Memoires (Skriften útjûn troch it Frysk Genoatskip, 1849) skreaun hat, is op syn minst twiveleftich. Douwama moat sjoen wurde as in Frysk nasjonalist. Syn ideeën waarden oernommen troch Syds Tsjaarda en Karel Roarda. Yn 1943 publisearre de nasjonaalsosjalistyske útjouwerij De Schouw in roman oer syn libben, Heer Jancko Douwama van Oldeboorn, skreaun troch de Fryske dûmny Steffen Bartstra.

Douwama syn ûnderstelde Memoires binne ferdield oer seis boeken: Boeck der partijen; Articulen van Foerantwoording; Instructie aan sijn Wijff; Tractaet van sijner Rekenschap; Handel sedert 1520. Hendrik Amersfoordt en Freerk Fontein hawwe dizze geskriften bewurke foar it Frysk Genoatskip, mar net foltôgje kinnen. It wurk is dienmakke troch J. van Leeuwen, Mr. J. Dirks en Dr. J.G. Ottema en ferskynde yn 1849. In sechsde diel, Instructie voor syn kinderen, waard earst yn 1999 bekend en kaam út in neilittenskip fan Corneille Stroobant.

It kaptaal dat Janko Douwama efterliet is yn de Stifting Krús- of Doumalien ûnderbrocht. By dy stifting kinne studinten in oanfraach yntsjinje foar in bydrage yn de ûnkosten fan har stúdzje. Op dit stuit (2007) is de stifting dwaande harsels breder bekend te meitsjen middels de publikaasje fan in webside.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • M. Kist en H. Wind, Een man van eer, Bloemlezing uit Jancko Douwama's geschriften, Uitgeverij Verloren, Hilversum, 2003
  • Brouwers, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Jancko Douwama.

Keppeling om utens: