Springe nei ynhâld

Karel Roarda (politikus)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Karel Roorda)

Karel Roarda (Snits[1], 1530/1531 - Ljouwert, 10 novimber 1601) wie in politikus dy't yn Fryslân in protte ynfloed hie. Popcke Roorda fan Grouw, syn heit, wie fan 1535 oant om 1540 drost op de Tegelpoarte yn Fenlo[2].

Roarda wie nei 1550 fuortsetter fan de Fryske nasjonale tradysje fan Janko Douwama en Syds Tsjaarda. Hy wie in meistanner fan Doeke fan Martena. Roarda wekke oer Fryske privileezjes sa't Willem Loadewyk dat foar it Unybelang die. Sa hat er jierren fertsjintwurdiger fan Fryslân yn de Generaliteit west.

Roarda wie strang kalvinistysk en dêrom tsjin de Religyfrede foar de Uny fan Utert. Hy fersette him tsjin de fredesûnderhandelingen mei Spanje yn Keulen yn 1579, en mei Johan fan Oldenbarnevelt wie er tsjin de komst fan de greve fan Leicester as opfolger fan Willem fan Oranje.

Fan 1584 oant 1587 wie Roarda ien fan de machtichste minsken yn Fryslân. Doe't er yn 1592 yn konflikt kaam mei Willem Loadewyk, ûnder oaren oer de besetting fan Hasselt, ferlear er it meastepart fan syn ynfloed. Yn 1591 skreau er it boek Rudimenta religionis Christtianae, Hebraice, Graece et Latine, mar dat is, mooglik troch de ûntwikkelings fan in jier letter, net bewarre bleaun.

De kristlike Fryske Krite Karel Roarda is nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwers, J.H., J.J. Klama, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Karel Roorda.
  1. Samme Zijlstra, Het geleerde Friesland, studenten ca. 1380 - 1650
  2. Genealogysk Jierboek 2011, s. 152-153