Steffen Bartstra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Steffen Bartstra
Algemiene ynformaasje
Namme Steffen Bartstra
Berne Warkum, 19 febrewaris 1861
Stoarn Haarlem, 28 augustus 1945
Nasjonaliteit Nederlânsk
Berop predikant
Oare ynformaasje
Aldelju Douwe Bartstra en Akke Faber

Steffen Bartstra (Warkum, 19 febrewaris 1861 - Haarlem, 28 augustus 1945) wie in Nederlânsk-herfoarme dûmny yn it Noard-Hollânske Heemstede.

Bartstra stie as predikant yn Westerbork (1886), Oldehove (1888) en Wytmarsum (1890). Yn 1890 stoar syn earste frou Leonarda Catharina Zuidema, dêr't er sûnt 1886 mei troud wie; de lettere skriuwer Jan Steffen Bartstra wie harren soan.[1] Bartstra wertroude yn 1892 mei Geertruida Beckering Vinckers,[2] beslette om nei de East te gean en fêstige him dêr as predikant yn 1892. Letter remigrearre er nei Nederlân waard er yn 1911 predikant te De Rijp en letter yn Geertruidenberch en Zwartewaal. Op 5 septimber 1926 gong er mei emeritaat.[3]

Hy skreau yn de earste jierren fan de Twadde Wrâldkriich in roman oer de Fryske rebel (of frijheidsstrider) Jancko Douwama dy't him fersette tsjin de Saksen en dit mei finzenskip bekeapje moast. Hy stjoerde syn manuskript nei de nasjonaalsosjalistyske útjouwerij De Schouw, dy't it manuskript graach útjaan woe mar it te tsjok fûn. Dêrom frege De Schouw oan J.K. Feijlbrief (better bekend ûnder syn skriuwerspseudonym J. van Oudshoorn) om de 600 siden fan it manuskript fannijs te skriuwen en yn te koartsjen. It slagge Feijlbrief it wurk te beheinen ta 262 siden, wêrnei't de roman ûnder de titel Heer Jancko Douwama van Oldeboorn yn 1943 it ljocht seach.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. M.Th. Uit den Bogaard, 'Bartstra, Jan Steffen (1887-1962)', yn Biografisch Woordenboek van Nederland. (rieplachte 3 july 2009)
  2. [1] Stamboom Mobach/de Waij » Geertruida Beckering Vinckers, G. de Jong (3 july 2009)
  3. [2] De schoolmeesters van Workum in de loop der tijden. p. 6, Fryske Akademy, (3 july 2009)
  • Pieter Jan Verstraete, "Steffen Bartstra: de vergeten Friese schrijver". De Nederlanden 'extra muros': jaarboek vol. 27 (2005), sd. 131-138.