Freerk Fontein

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Freerk (Dirks) Fontein (Harns, 31 desimber 1777 - dêre, 28 febrewaris 1843) wie in Harnzer keapman, letterkundige en bestjoerder.

Freerk Fontein wie oprjochter fan de "Firma Freerk Dirks Fontein, zeehandelaren en vennootschap tot het drijven van handel in het algemeen" en hy wie fise-konsul foar de Prusen yn Harns. Yn 1827 rjochte er tegearre mei Franciscus Binkes en Hendrik Amersfoordt it Friesch Genootschap op. Hy troude yn 1798 mei Eva van Dalsen wêrmei't er op Salwert ûnder Frjentsjer wenne. Hy ferstoar yn 1843 te Harns.

Fontein liet in grutte samling boeken, platen en hânskriften nei, dy't yn 1847 ferkocht waarden. As letterkundige makke Fontein him fertsjintlik troch it útjaan fan it wurk fan Jancko Douwama. Yn 1829 waard er lid fan de Maatskipppij fan de Nederlânske Letterkunde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: