Springe nei ynhâld

Haring fan Donia

Ut Wikipedy

Haring fan Donia (sneuvele yn 1462) wie haadling yn Nijlân en grytman fan Wymbritseradiel yn 1455 en in bekend Skieringer.

Yn 1461 besette er mei syn broer Agge Harinxma fan Sleat Galamastate yn Akkrum. Hy gie yn de omkriten sa grouwélich tekear dat in lândei besluet harren te belegerjen. Meidat er modern wapenreau (bussen) ta syn foldwaan hie, wie dit sûnder resultaat. Nei de opheffing fan it belis waard harren terreur noch folle slimmer. De Donia-oarloch wie begûn. Mei bûtenlânske frijwilligers besette Donia Hiddema yn Nijlân. Nei him mei in diel fan syn fijannen fersoene te hawwen (ûnder oare Epo á Kee fan Hottinga) kearde hy him yn 1462 opnij tsjin de Galama's en Jancko Douwama yn Jirnsum, waans hûs hy ferovere. Mar hy ferlear by kleaster Ealsum (by Akkrum) tsjin de Fetkeapers slach en libben.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: