Springe nei ynhâld

Galamastate

Ut Wikipedy
Galamastate

Galamastate wie in eardere state yn Koudum, gemeente Himmelumer Aldeferd, en is grif om 1500 boud. Fan de state is neat werom te finen. De famylje Galama wie ien fan de belangrykste famyljes yn dat gebiet. Se hienen meardere stinzen, lykas yn Eagmaryp, Aldegea en Riis. Dêrneist wie der ek de famylje Harinxma, dy't de grutste tsjinstanners foarmen fan de famylje Galama. De Harinxma's hienen fersterke huzen yn Heech, Sleat, Snits en Drylts. De Galamastate waard oant yn de earste helt fan de 17e iuw bewenne troch de famylje Galama. Ien fan de rjochten dy't oan dizze state ferbûn wie, wie it rjocht fan de swannejacht.

It is net dúdlik oft it hûs troch fererving of ferkeap yn hannen fan in oare famylje komd is, mar yn elts gefal is yn 1640 grytman Sjoerd fan Aylva de nije bewenner fan de state. Hast 60 jier letter, yn 1698, is de state opnij yn besit komd fan in oare famylje: dan is Bruno fan Vierssen de eigener.
Letter komt de state yn it besit fan Joan Caspar Schik, sekretaris fan Menameradiel, dy't it hûs foar 700 goudgûnen yn 1743 ferkeapet oan Frederik Sloterdijk, boargemaster fan Warkum. Nei 1743 wikselt it hûs noch ferskate kearen fan eigener, om op it lêst om 1800 ôfbrutsen te wurden.

Der binne troch Jacobus Stellingwerf yn 1722 en 1723 twa states tekene dy't yn Koudum stiene. De iene ôfbylding hat as ûnderskrift: 'huis van den ouden heer Frederik van Vierszen te Koudum', wylst de oare as ûnderskrift hat: 'het huis dat aan de heer Jacob van der Wajen, grietman van Hemelumer Oldevaert, behoort'.
Yn 'De Tegenwoordige Staat van Friesland' út 1788 falt op te meitsjen, dat de Galamastate al yn 1788 ferdwûn is, 'Doch in 'Noorden der buurt', staat nog de State Grovestins, die in laater tyd merkelyk versierd is door den Grietman Van der Waaien, die niet alleen het huis fraai verbouwd, maar ook verscheiden schoone hovingen en plantagien by 't zelve beeft gevoegd...". Mooglik is de ôfbylding út 1722 fan de Grovestinsstate, en de twadde de Galamastate.

It hûs Van Viersen liket op de tekening âlder as de Grovestinsstate. It gebou hat sels kenmerken dy't op in sealstins wize. It is in rjochthoekich gebou mei in ûnregelmjittige yndieling op de grûn. De ferdjipping is leech en dan folget it sealdak tusken twa trepgevels. De foarm en detaillearring fan de tagongspartij wize op in boutiid yn de jierren om 1500. De oanbou fan ien boulaach krige foar it dak in útboude gevel mei drok rolwurk. It terrein fan dizze state wie net omgrêfte, mar ommuorre.

  • 1e helt 17e iuw famylje Galama
  • 1640 Sjoerd Fan Aylva
  • 1698 Bruno fan Vierssen
  • 1743 Joan Caspar Schik
  • 1743 Frederik Sloterdijk

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: