Springe nei ynhâld

Marijetsjerke (Boarnwert)

Ut Wikipedy
Marijetsjerke (2010)

De Marijetsjerke fan Boarnwert is in monumintale, yn de 13e iuw boude, tsjerke yn Boarnwert yn de gemeente Dongeradiel.

De bou fan de tsjerke begûn om 1200 mei it koar. It romanogoatyske skip is yn de jierren dêrnei yn de 13e iuw boud. De tsjerke waard wijd oan Marije.

De tsjerke is meardere kearen yngreven feroare. Yn de 16e iuw waard de tsjerke ferhege. In letter oanboude toer waard yn de 19e iuw ôfbrutsen. Yn 1898 waard in nije toerspits setten. Ek de oarspronklik bûgde koarôfsluting is ferfongen. Op in diel fan it dak lizze healrûne pannen, om bar mei de holle en mei de bolle kant nei boppen. Soksoarte dakpannen wurde ek nonnen en muontsen neamd. Yn de tsjerke binne noch resten fan muorreskilderings bewarre bleaun.

De tsjerke is erkend as in ryksmonumint. Eigener is de Stichting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke wurdt ferhierd en is in offisjele troulokaasje fan de gemeente Dongeradiel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: