Springe nei ynhâld

Hikkaardstate

Ut Wikipedy

Hikkaardstate, ek: Loo’s Slot, Loosslot, Grut Hikkert, wie in state yn Wânswert yn de gemeente Ferwerderadiel, mar tichter by Jislum as by Wânswert. Op it diels noch omgrêfte terrein stiet in grutte feehâlderij.

It ûntstean is ûnbekend mar neffens it stimkohier fan 1640 wie it goed doe eigendom fan Boudewijn fan Loo, in telch út de Ljouwerter regintefamily Fan Loo dy't yn dy stêd oarspronklik it Rolkamahûs bewenne dat yn dy tiid al, mei it neistlizzende Dekamahûs, omboud wie ta Steedhâlderlik Hof. Midden 17e iuw wenne hjir syn soan Jan fan Loo, dy't him ek Johan Eminga fan Loo neamde. Neffens it Stamboek fan de Fryske Adel hie Johan de namme fan syn skoanmem, Eminga, oan syn eigen taheakke. Johan fan Loo wie lykas syn tiid- en plakgenoat Laes fan Grovestins offisier yn it leger en lykas syn heit kapitein. By syn houlik yn 1662 wurdt hy sa neamd. Hy boaske mei Catharina fan Aggema út Wytmarsum, dochter fan Alef Aggema fan Walta en Catharina fan Eminga dy't op Aggemastate ûnder Penjum wennen. Hja hiene in soan Sixtus, dy't yn Wânswert ferstoar. Oft der fan de oare trije bern noch neikommelingen west hawwe is ûnwis. Simon Wierstra fermeldt yn syn genealogy fan de family Fan Loo sels hielendal gjin bern út dit houlik. Yn elts gefal hat de family nei de dea fan Catharina fan Aggema yn 1708 net mear yn Wânswert wenne.

Yn 1698 wie it goed yn hannen fan 'bysitter'(wethâlder) Nicolaus Bavius dy't yn 1700 neamd wurdt as sekretaris. It goed wie doe hast 119 pûnsmiet grut, ± 44 hektare en waard brûkt troch Gerrijt Sioerds. Pas om 1715/1720 ferskynde hjir de namme Hikkaard yn de persoan fan Jillert Aris fan Hiccaard dy't út namme fan syn frou yn 1728 fermelden wurdt as eigener en brûker fan it goed. Oft de state der doe noch stie is ûnbekend.

Oan de wei fan Burdaard nei Jislum stie de state Hikkaard op in rom bemjitten omgrêfte hiem. Op de topografyske kaart fan 1930 is sels noch te sjen dat de destiidske pleats binnen dat terrein op in eigen hûseilân stie.

  • Boudewijn fan Loo
  • 16e iuw Jan Donia
  • Nicolaus Bavius
  • 1728 Jillert Aris fan Hiccaard

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: