Stamboek fan de Fryske Adel

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

It Stamboek fan de Fryske Adel is in neislachwurk dat yn 1846 ferskynde yn twa dielen ûnder de titel Stamboek van den Frieschen, vroegeren en lateren, adel, uit oude en echte bescheiden en aantekeningen en met bijvoeging van de wapens der onderscheiden geslachten opgemaakt.

Ta de âlde Fryske adel wurde rekkene de geslachten wêrfan de fertsjintwurdigers yn 1504 in oerienkomst sleaten mei de hartoch fan Saksen oer de skatting dy't se tenei betelje moasten. Meardere aadlike lagen wiene doe al útstoarn, lykas bygelyks Keimpema en Papinga yn Ljouwert.

Krityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omdat yn de iuwen dêrnei noch mear geslachten útstoarnen, waarden yn it begjin fan de 19e iuw inkele reintelagen (?) adele lykas Beyma, de Kempenaer en Sminia. Twa gearstallers wurken der destiids trije jier oan. Letter hienen ûndersikers in soad twifel oer de bekwamens fan de ûndersikers. Benammen oer de âldste generaasjes is der net kritysk genôch wurke. Guon famyljes út it boek soene net iens fan adel west hawwe.

Tresoar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tresoar hat it wurk oer de Fryske adel beskikber makke. It boek hat dochs in soad wearde. Op de site fan Tresoar steane ek 250 troch J. Reijnders tekene famyljewapens.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: