Springe nei ynhâld

Bysitter

Ut Wikipedy

In bysitter wie in de tiid fan de Fryske Frijheid in helper dy't in grytman holp by de rjochtspraak.

Bestjoer en rjochtspraak wiene destiids bot desintralisearre. De measte macht lei by de dielen , de lettere gritenijen. Sintrale ynstellings kamen amper ta ûntwikkeling. De rjochtspraak barde troch in grytman, holpen troch in pear keazen ynwenners, de bysitters, dy't dat amt om bar útoefenen. Heger berop wie mooglik by it gerjocht dat holden waard op de lândagen fan de distrikten (Eastergoa, Westergoa en Sânwâlden). De tiid fan de Fryske Frijheid duorre oant 1498.