Springe nei ynhâld

Renée Soutendijk

Ut Wikipedy
Renée Soutendijk
akteur
Renée Soutendijk yn 1992.
Renée Soutendijk yn 1992.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Renette Pauline Soutendijk
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 maaie 1957
berteplak De Haach (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 1978 – no
prizen Gouden Keal 1985
Rembrandt Award 2011
Gouden Keal foar Bêste Haadrol 2023
offisjele webside
gjint

Renée Soutendijk (folút: Renette Pauline Soutendijk; De Haach, 21 maaie 1957) is in Nederlânsk film-, tillefyzje- en toanielaktrise. Hja waard bekend troch har rol yn 'e film Spetters, fan regisseur Paul Verhoeven en briek troch as Hannie Schaft yn Het Meisje met het Rode Haar. Har skientme en blûne hier makken har yn 'e 1980-er jierren yn Nederlân ta sekssymboal. Bekende rollen yn oare films hie se yn Van de Koele Meren des Doods, De IJssalon en Op Hoop van Zegen. Har besykjen om yn Hollywood karriêre te meitsjen, rûn op neat út. Yn 'e ienentweintichste iuw wie Soutendijk benammen yn tillefyzjesearjes te sjen, lykas Meiden van De Wit en Moordvrouw.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Soutendijk waard yn 1957 berne yn De Haach. As famke hie se de ambysje om op Olympysk nivo te turnjen, mar op oanrieden fan har dûnslearaar besleat se ynstee in oplieding te folgjen oan 'e Haachske Akademy foar Poadiumfoarming.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se har aktearoplieding ôfrûne hie, spile Soutendijk yn ferskate teäterproduksjes, û.o. by de Teäteruny. Teffens wie se te sjen yn it toanielstik De Grote Liefde, fan regisseur Ger Thijs. Yn 1978 hie se foar it earst in rol yn in film, as Marie Bovenkamp yn Pastorale 1943. Soutendijk makke har debút op 'e tillefyzje mei de rol fan Klaasje Weenink yn 'e dramasearje Dagboek van een Herdershond, dy't se fan 1979 oant 1980 yn acht ôfleverings fertolke.

Soutendijk har karriêre sette pas echt útein doe't se yn 1980 fan regisseur Paul Verhoeven de rol fan Fientje tabedield krige yn 'e film Spetters, wêrmei't se har status as sekssymboal fêstige. Se wist der sels belangstelling mei te wekjen yn 'e Feriene Steaten, dêr't de New York Times har "stylfolle optreden" fan in "ynnimlik personaazje" beskôge as it mulpunt fan 'e film. Yn 'e jierren '80 wiene Soutendijk, Monique van de Ven en Willeke van Ammelrooy de trije meast ferneamde aktrises yn 'e Nederlânske sinema. De measte films út dy tiid hiene wol ien fan dy trije yn in haadrol cast.

De film dy't Soutendijk har trochbraak as aktrise besegele, wie Het Meisje met het Rode Haar, út 1981, wêryn't se de titelrol fertolke fan 'e Nederlânske fersetsstriidster Hannie Schaft. Yn 1982 hie se de haadrol fan Hedwig de Fontayne yn Van de Koele Meren des Doods, en yn 1983 wurke se fannijs gear mei Paul Verhoeven foar dy syn film De Vierde Man. Soutendijk har earste Ingelsktalige rol hie se yn 'e tillefyzjefilm Inside de Third Reich (1982), as Hitler syn oarehelte Eva Braun. Oare films dêr't Soutendijk yn 'e 1980-er jierren yn spile, wiene û.m. De IJssalon (1985), Op Hoop van Zegen (1986) en Een Maand Later (1987). Foar har rol yn De IJssalon wûn se yn 1985 it Gouden Keal yn 'e kategory bêste aktrise. Foar har rol yn Een Maand Later waard se nochris nominearre foar dyselde priis.

Fan 1981 oant 1982 hie Soutendijk fierders in rol yn komeedzjesearje Zeg 'ns Aaa, as Nancy van der Ploeg, de dochter fan 'e froulike haadpersoan, spile troch Sjoukje Hooymaayer. Yn 1986 wie se te sjen yn 'e histoaryske minysearje Peter the Great, oer tsaar Peter de Grutte, wêryn't se de rol fertolke fan waskfrou Anna Mons, de mêtresse fan 'e tsaar. En yn 1989 spile se Cyla, de frou fan Holokaustoerlibbene en nazyjager Simon Wiesenthal yn 'e tillefyzjefilm Murderers Among Us.

Dêrnei besocht Soutendijk in karriêre op te bouwen yn 'e Amerikaanske filmyndustry fan Hollywood, wêrfoar't se har seis jier âlde dochterke meinaam nei de Feriene Steaten, wylst har man efterbleau yn Amsterdam. Hja wie de tsjinspylster fan akteur Chris Sarandon yn 'e Holokaustfilm Forced March út 1989, en hja hie de titelrol yn 'e science fiction-film Eve of Destruction (1991), dy't lykwols flopte. Neffens har eigen sizzen wiene Amerikaanske filmprodusinten huverich om in frij ûnbekende aktrise "mei in ûnútsprekbere namme" oan te nimmen, en moast regisseur Duncan Gibbons har út eigen bûse betelje. Doe't se nei ôfrin fan 'e film (op 'e nij: nei eigen sizzen) in sânjierrich kontrakt foar in Star Trek-searje oanbean krige, besleat se dat ôf te slaan en werom te kearen nei Nederlân fanwegen de spannings yn har houlik dy't feroarsake waarden troch har Amerikaanske aventoer.

Renée Soutendijk yn 1981.

Yn 'e midden fan 'e 1990-er jierren spile Soutendijk benammen yn tillefyzjefilms. Doe't har spylfilm De Flat (1994) it min die yn 'e bioskopen, besleat se om 'e Nederlânske sinema foarearst de rêch ta te kearen. Ynstee wurke se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren in protte yn Dútslân, dêr't se behalven yn tillefyzjefilms ek te sjen wie yn plysjesearjes as Tatort. Neffens harsels waard se yn Dútslân folle minder typecast as yn Nederlân, wat har ynteressantere rollen opsmiet.

De films Dial 9 for Love en Met Grote Blijdschap, dy't beide yn 2001 útkamen, markearren de weromkear fan Soutendijk yn 'e Nederlânske filmwrâld. Neitiid hie se fan 2002 oant 2005 in fêste rol yn 'e dramasearje Meiden van De Wit, as Beth de Wit-Duivenaar, en fan 2012 oant 2016 fertolke se de rol fan resjersjeur Carla Vreeswijk yn 'e plysjesearje Moordvrouw, as tsjinspylster fan Wendy van Dijk. Ek hie se yn 2009 in rol yn 'e Dútske tillefyzjefilm Helmut Kohl: Der Film, as Hannelore Kohl, de frou fan bûnskânselier Helmut Kohl. Yn 2018 spile se in heidenske Fryske preesteresse yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske Fryske kening mei deselde namme.

Dêrnjonken wie Soutendijk nei de iuwwiksel ek in protte op it toaniel te sjen, dêr't se û.m. keninginne Juliana spile yn Juliana (2006), in terminale kankerpasjinte yn Als de Dood (2010), en Hanne Holm yn 'e toanielferzje fan 'e populêre Deenske dramarige Borgen (2016). Yn 2012 wurke se as stimaktrise mei oan 'e animaasjefilm Brave. Yn 2011 waard oan Soutendijk de Rembrandt Award takend foar har hiele oeuvre.

Yn septimber 2023 ûntfong Soutendijk it Gouden Kalf voor Beste Hoofdrol (de wichtichste Nederlânske filmpriis) foar har haadrol yn de gâns priizge film Sweet Dreams.

Renée Soutendijk is troud mei regisseur Thed Lenssen. Hja hawwe twa bern, soan Jaïr en dochter Caro Lenssen. Caro is krekt as har mem aktrise, en spile mei Soutendijk yn 'e dramasearje Meiden fan De Wit.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1979-80 Dagboek van een Herdershond Klaasje Weenink ôfl. 9 o/m 16
1981-82 Zeg 'ns Aaa Nancy van der Ploeg
1982 Inside the Third Reich Eva Braun tillefyzjefilm
1984 The Cold Room Lili tillefyzjefilm
1985 Behind Enemy Lines Ragni Carswell tillefyzjefilm
1985 The Hitchhiker Sara Kendal ôfl. Murderous Feelings
1986 Peter the Great Anna Mons minysearje
1987 Scoop Kätchen tillefyzjefilm
1989 Murderers Among Us: The Simon Wiesenthal Story Cyla tillefyzjefilm
1991 Keeper of the City Vickie Benedetto tillefyzjefilm
1996 The Little Riders Beatrix Hunter tillefyzjefilm
1998 Hauptsache Leben Corinna tillefyzjefilm
1998 Het Jaar van de Opvolging Sjoukje van Dorp minysearje
1999 Das Delphinwunder Claire Strauss tillefyzjefilm
1999 Schimanski Eva Marsfeldt ôfl. Sehnsucht
2000 Tatort Evelyn ôfl. Bittere Mandeln
2001 Hanna - Wo bist Du? Erika Strom tillefyzjefilm
2002-05 Meiden van De Wit Beth de Wit-Duivenaar
2002 De Enclave Ilse Terhoef tillefyzjefillm
2003 Eine Liebe in Afrika Jane tillefyzjefilm
2005 Tatort Eva Maria Klein ôfl. Rache-Engel
2008 S1NGLE Edith Prins
2009 Ein starkes Team Katharina Kamm ôfl. Geschlechterkrieg
2009 Helmut Kohl - Der Film Hannelore Kohl tillefyzjefilm
2009 SOKO Leipzig Maja Peters ôfl. Rein-Raus-Boxer en Das Netz
2009 SOKO Donau Wanda Wolf ôfl. Preis der Schönheit
2012-16 Moordvrouw Carla Vreeswijk 50 ôfl.
2012 Van God Los Ellen ôfl. D.I.S.C.O.
2014 Assepoester: Een Modern Sprookje Liv Lopes Dias tillefyzjefilm
2016- Centraal Medisch Centrum dokter Emily Zomer
films
1978 Pastorale 1943 Marie Bovenkamp
1978 Doodzonde Renée
1979 Een Vrouw als Eva Sigrid
1980 Spetters Fientje
1981 Het Meisje met het Rode Haar Hannie Schaft
1981 Het Verboden Bacchanaal Corrie (dienstmeisje)
1982 Van de Koele Meren des Doods Hedwig "Hetty" de Fontayne
1983 De Vierde Man Christine Halsslag
1983 An Bloem Loedie
1984 Abwärts Marion
1985 De IJssalon Trudi Gouden Keal foar bêste aktrise
1986 Boran - Zeit zum Zielen Linda Mars
1986 Op Hoop van Zegen Jo
1986 The Second Victory Traudi Holzinger
1987 Een Maand Later Liesbeth nominearre foar in Gouden Keal foar bêste aktrise
1987 Der Madonna-Mann Juliane Mundt
1988 Wherever You Are... Nina
1989 Grave Secrets Iris Norwood
1989 Forced March Myra
1991 Eve of Destruction dokter Eve Simmons/Eve VIII
1993 Op Afbetaling Olga Grond
1993 De Zevende Hemel Charlyne
1994 Witness mevr. Jones koarte film
1994 De Flat Roos Hartman
2000 Anna Wunder Sophie
2001 Dial 9 for Love Martha
2001 Met Grote Blijdschap Els Groenendijk
2001 Hochzeit zu Viert Susanne Berthold
2008 Radeloos de mem fan Yara
2012 Brave keninginne Elinor stim
2015 Boy 7 Vurment
2018 Redbad Idwina (heidensk preesteresse)
2018 Sweet Dreams Agathe
toaniel
2002-2003 Eten met Vrienden Karin
2006 Juliana keninginne Juliana
2007 Steel Magnolias Marleen
2008 Volmaakt Geluk Ellen
2009 De Grote Liefde Ellen
2010 Als de Dood (Wit) Vivian Bearing
2016 Borgen Hanne Holm
2017 Twee Vrouwen Laura en Simone
2018 Roem! Odette

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.