Brave (film út 2012)

Ut Wikipedy
Brave
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Mark Andrews
Brenda Chapman
produsint Katherine Sarafian
senario Mark Andrews
Steve Purcell
Brenda Chapman
Irene Mecchi
kamerarezjy Robert Anderson
Danielle Feinberg
muzyk Patrick Doyle
filmstudio Pixar Animation Studios
distribúsje Walt Disney Pictures
spilers
haadrollen Kelly Macdonald
Billy Connolly
Emma Thompson
byrollen Julie Walters
Robbie Coltrane
Kevin McKidd
Craig Ferguson
Steve Purcell
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 10 juny 2012
foarm lange tekenfilm
sjenre famyljefilm, fantasy
taal Skotsk-Ingelsk
spyltiid 93 minuten
budget en resultaten
budget $185 miljoen
opbringst $540,4 miljoen
prizen Oscar 2012
BAFTA Award 2012
Golden Globe 2012

Brave (letterlik: "Dapper") is in Amerikaanske tekenfilm fan spylfilmlingte út 2012, ûnder rezjy fan Mark Andrews en Brenda Chapman. It giet oer de jonge readhierrige Midsiuwske Skotske prinsesse Merida, in tûk bôgesjitster, dy't tsjin alle tradysjes yn oanjout dat se net úthylke wurde wol. Dat bringt it hiele keninkryk yn ûntstjoer en as Merida de help fan in hekse ynropt om har sin te krijen, rekket har mem ûnbedoeld feroare yn in bearinne. De stimmen fan 'e wichtichste personaazjes waarden yn 'e oarspronklike ferzje yn it Skotsk-Ingelsk ynsprutsen troch Kelly Macdonald, Billy Connolly en Emma Thompson. Brave, dat foarôfgeande oan 'e premiêre lang bekend stie ûnder de wurktitel The Bow and the Bear ("De Bôge en de Bear"), wie in produksje fan 'e Amerikaanske filmstudio Pixar, dy't ûnderdiel útmakket fan The Walt Disney Company. De film waard in grut súkses en wûn yn 2013 de Oscar, de BAFTA Award en de Golden Globe yn 'e kategory bêste animaasjefilm fan 2012.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in fiktyf Midsiuwsk Skotlân fiere kening Fergus fan Dunbroch en syn húshâlding de sechsde jierdei fan syn readhierrige dochter, prinsesse Merida, mei in picknick bûten it kastiel. Ta ûntsteltenis fan har mem, keninginne Elinor, kriget it famke fan har heit in pylk-en-bôge kado. As se in fuortsketten pylk opsiket yn 'e bosk, moetet se dêr foar it earst in dwaalljochtsje. Koarte tiid letter wurdt it gesin oanfallen troch Mor'du, in ûnbidich grutte demoanyske bear. Wylst Elinor mei Merida op in hynder flechtet, slane Fergus en syn mannen de oanfal mei de wapens ôf, wêrby't de kening lykwols ien fan syn skonken ferliest, sadat er neitiid oer de side giet op in houten poat.

Yn 'e jierren dêrnei wurdt Merida troch har mem taret op 'e troan. Hja giet lykwols folle leaver har eigen gong, en wannear't se mar de kâns kriget, pykt se út om stoere streken út te heljen en har te bekwamen yn it bôgesjitten. As der tsien jier foarbygien binne, kriget Merida op in dei te hearren dat se úthylke wurde sil oan 'e soan fan ien har heite wichtichste bûnsgenoaten. Merida wol dêr neat fan witte, mar har mem bringt har de sêge te binnen fan in grutske prins, dy't wegere om te dwaan wat syn heit him hiet, mei as gefolch dat harren hiele keninkryk ferdylge waard. De moraal fan dat ferhaal, sa drukt Elinor in skeptyske Merida op it hert, is dat har wegering om úthylke te wurden de takomst fan Dunbroch yn gefaar bringe kin.

Dan arrivearje de trije fazallen fan Merida har heit, de hearen fan Dingwall, MacGuffin en Macintosh, mei harren âldste soannen. Dy sille by in toernoai fan 'e Highland games útfjochtsje waard de meast gaadlike brêgeman foar Merida is. Dat is de tradysje en dy moat folge wurde. Merida fynt dat trije kear neat, en hja ferdraait dan de regels, troch te sizzen dat sy, as it âldste bern fan 'e haadman fan Clan DunBroch, it rjocht hat en tingje nei har eigen hân. Dat is fansels net hoe't it heard, mar se kin har heit wol mei wurden oer, dat se kriget foarinoar dat se oan it toernoai meidwaan mei. By de spullen ferslacht se mei gemak har trije houlikskandidaten, mei as gefolch dat de oare clans danich yn ferlegenheid brocht wurde, in gefoel dat by harren omslacht yn lulkens. De emoasjes rinne sels sa heech op dat de hearen fan Dingwall, MacGuffin en Macintosh kening Fergus mei oarloch driigje, mar aldergeloks wit de wize keninginne Elinor it spul del te bêdzjen, sadat de opskuor oerbetteret.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid sprekt Elinor har dochter poerlulk oan oer har ympulsive hâlden en dragen. As emoasjes har ûnder dat petear oermânsk wurde, flechtet Merida de bosk yn, dêr't se in dwaalljochtsje folget nei de hutte fan in apart âldwyfke, dat net inkeld in tûk houtfykster blykt te wêzen, mar ek in snoade hekse. As Merida dat ûntdekt, smeket se har om in betsjoening dy't har mem (en dêrmei har eigen lot) feroarje sil. Nei lang oankringen jout de hekse ta. Merida keart nei it kastiel werom mei in koeke, dy't se har mem opite litte moat. De hekse hat har tasein dat har mem dan feroarje sil.

Dat is yndie wat bart, mar net op 'e manear dy't Merida ferwachte hie: har mem feroaret yn in bearinne, dy't net mear prate kin, mar fierders dochs fierhinne har minsklike persoanlikheid behâldt. En de trijeling, Merida har lytse bruorkes, dat pjutten binne, feroarje yn bearejongen nei't sy ek fan 'e koeke iten hawwe. Dat wie allegear net Merida har bedoeling, dat se keart mei har mem halje-trawalje werom nei de hutte fan 'e hekse. Dy treft se lykwols ferlitten oan. Se fynt der inkeld in bryfke mei dêrop it boadskip dat de betsjoening permanint wurde sil as it Merida net slagget om foàr de twadde sinne-opgong "de bân by te meitsjen dy't troch grutskens teskuord is."

Nei ferskate omswalkings, misferstannen en oare aventoeren, wêrby't Merida har trije ûndogenske bearebruorkes ek de nedige streken úthelje, wurde Merida en Elinor troch de dwaalljochtsjes nei in oerâlde ruïne laat, dêr't se de demoanyske bear Mor'du treffe. Merida beseft dat Mor'du oarspronklik de prins wie út 'e sêge dy't har mem har fertelde, dy't ûnder in permaninte betsjoening fallen is en no omwaret om 'e restanten fan syn heite kastiel hinne. Se swart dan dat sy soks net mei har mem barre litte sil, en nimt har foar om te dwaan wat dien wurde moat om 'e famyljebannen by te meitsjen dy't skeind rekke binne by harren rûzje.

De aktrise dy't yn it ferdivedaasjepark Disneyland Merida spilet yn aksje mei har pylk-en-bôge.

As se let op 'e jûn weromkeare yn it kastiel blike de clans wer op it rântsje fan 'e oarloch te ferkearen. Merida, dy't no wizer is as tefoaren, is fan doel om no bekend te meitsjen dat se ree is en kies in brêgeman, sa't de tradysje dat wol. Ynstee ferklearret se, nei't se dêr nonferbaal ta oanfitere is troch har mem, dat alle âldstbernen fan 'e haadlju fan 'e clans frijlitten wurde moatte om sels te kiezen mei wa't se trouwe wolle. De clans, dy't ûnder de yndruk binne fan har hertstochtlik pleidoai, stimme dêryn ta, en it ferbûn tusken de kening en syn trije wichtichste fazallen wurdt fernijd en fuortsterke. Merida hie hope dat de betsjoening no opheft wêze soe, mar dat blykt net it gefal te wêzen.

Neitiid falt Elinor, dy't stadichoan har minsklikheid ferliest, kening Fergus oan, mar hâldt hommels ho as se beseft wat docht. Se ûntflechtet it kastiel, en Fergus en syn fazallen sette te neare nacht de efterfolging yn om har te deadzjen, mei't se miene dat se Mor'du is. Merida besiket har heit te fertellen wêr't de foarke fêstsit, mar hy wegeret nei har te harkjen en slút har op yn har keamer. Mei de help fan har bearebruorkes wit Merida te ûntsnappen, en mei tûzen hasten set se efter har heit-en-dy oan. Dy hawwe ûnderwilens Elinor fongen, mar Merida arrivearret krekt op 'e tiid om har heit tsjin te hâlden as dy de bear deaslaan wol. As Merida it mei it swurd yn 'e hân tsjin har heit yn 'e kant set, dûkt de wiere Mor'du ynienen op. Dy reaget Fergus en syn fazallen oan 'e kant om't er it op Merida foarsjoen hat. Mar ear't er op har oanfalle kin, grypt Elinor yn.

Der begjint dan in gefjocht tusken de beide bearen: Mor'du is helte grutter as Elinor, mar de bearinne ferdigenet har jong. De striid einiget as Mor'du ferplettere wurdt ûnder in omfallende menhir. Dêrtroch wurdt nei al dy iuwen de geast fan 'e prins befrijd, dy't Merida dêr stilswijend foar betanket ear't er fuortswynt. Wylst de sinne foar de twadde kear opkomt, beseft Merida alle misse setten dy't se dien hat en fermoedsoenet se har gûlendewei mei Elinor. Sûnder erch foldocht se dêrmei einlings en te'n lêsten oan 'e betingsten dy't neamd waarden yn it boadskip fan 'e hekse, en as de earste strielen fan 'e opgeande sinne harren reitsje feroarje Elinor en de trijeling wer yn minsken.

De bannen tusken de clans en binnen de húshâlding fan kening Fergus binne no sterker as ea tefoaren, en Mor'du is út syn lijen ferlost, wêrmei't it keninkryk mei-iens ek fan in gefaarlike fijân befrijd is. Merida en Elinor wurkje gear by it meitsjen fan in wandtapyt (it âlde wie skansearre rekke by de oanfal fan 'e bearinne op kening Fergus), en de trije fazallen sette mei harren soannen wer op hûs oan. De film einiget as mem en dochter út te riden geane wylst de galeien fan 'e fazallen oan 'e hoarizon ferdwine. (Wa't wachtet oant nei de ôftiteling wurdt traktearre op in sêne wêryn't de by de hekse bestelde houtsnijwurken einlings by it kastiel fan kening Fergus besoarge wurde.)

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise oarpronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje
prinsesse Merida fan Dunbroch Kelly Macdonald
Julie Fowlis (sang)
Carol Lenssen
Marieke Dollekamp (sang)
kening Fergus fan Dunbroch Billy Connolly Peter Tuinman
keninginne Elinor fan Dunbroch   Emma Thompson Renée Soutendijk


De Skotske komyk en akteur Billy Connolly, dy't de stim fan kening Fergus ynspriek, mei in pear kostumearre fans by de Australyske premiêre fan Brave yn Sydney, yn maart 2012.
byrollen
personaazje akteur/aktrise oarpronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje
de hekse Julie Walters Jenny Arean
de hear fan Dingwall Robbie Coltrane Henk Poort
de hear fan MacGuffin Kevin McKidd Ernst Daniël Smid
de hear fan Macintosh   Craig Ferguson Marco Bakker
de raven Steve Purcell ?
Martin, de wachter Patrick Doyle ?
Gordon, de wachter John Ratzenberger ?
soan fan Dingwall Callum O'Neill ?
soan fan MacGuffin Kevin McKidd ?
soan fan Macintosh Steven Cree ?

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brave stie foarôfgeande oan 'e premiêre, fan 'e oankundiging yn 2008 ôf, lange tiid bekend ûnder de wurktitel The Bow and the Bear ("De Bôge en de Bear"). De rezjy wie yn 'e hannen fan Mark Andrews en Brenda Chapman, dy't wurken op basis fan in senario skreaun troch Mark Andrews, Steve Purcell, Brenda Chapman en Irene Mecchi. It ferhaal wie oarspronklik betocht troch Chapman, dy't derta ynsprirearre waard troch har relaasje mei har eigen dochter. Hja hat Brave sels omskreaun as "in mearke yn 'e tradysje fan Hans Christian Andersen en de bruorren Grimm." Oarspronklik soe Chapman de film ek regissearje, mar nei "kreätive ûniennichheid" waard se yn oktober 2010 oan 'e dyk set en ferfongen troch Andrews. Chapman fertelde letter yn in fraachpetear dat se har ôfservearjen "ferskriklik" fûn, mar dat har "fisy trochklonk yn 'e film" en dat se "hiel grutsk op 'e film" wie.

De film waard produsearre troch Katherine Sarafian foar de Amerikaanske filmstudio Pixar, dy't him taleit op it meitsjen fan tekenfilms, en dy't diel útmakket fan The Walt Disney Company. De distribúsje fan Brave waard sadwaande dien troch Walt Disney Pictures. Robert Anderson en Danielle Feinberg wiene ferantwurdlik foar de sinematografy, wylst de filmmuzyk út 'e koker kaam fan Patrick Doyle. Dyselde brûkte tradisjonele Keltyske muzykynstruminten, lykas de doedelsek, de clàrsach of Keltyske harpe, de fluit en de bodhrán of Keltyske tromme. Hy skreau ek ferskate lieten foar de soundtrack, wêrûnder it widzesankje A Mhaighdean Uasal Bhan ("Nommel Famke Kreas") yn it Skotsk-Gaelysk (songen troch Emma Thompson en Peigi Barker), en it drinkliet Song of Mor'du yn it Skotsk (songen troch Billy Connolly e.o.).

It tartan fan 'e fiktive Clan DunBroch (Skotske Tartan Autoriteit nû. 10641), dat Pixar spesjaal foar Brave ûntwikkelje liet.

Foar de film wie in budget beskikber fan $185 miljoen. Dat waard û.m. bestege oan 'e ûntwikkeling fan trije spesjale tartans foar de clans DunBroch, Dingwall en MacGuffin (de Clan Macintosh draacht yn 'e film it wiere tartan fan Clan Macintosh). De premiêre fan Brave fûn plak op 10 juny 2012, op it Ynternasjonaal Film Festival fan Seattle. Op 22 juny gie de film yn premiêre yn 'e Amerikaanske bioskopen. De soundtrack fan Brave waard op 19 juny 2012 op cd en as digitale download útbrocht troch Walt Disney Records. Sûnt 13 novimber 2012 is Brave ek beskikber op dvd, blu-ray en as digitale download, mei as bonustaheakken de koarte film La Luna, fan Enrico Casarosa, dy't yn 'e bioskopen foarôfgeande oan 'e haadfilm fertoand waard, en in nije koarte film, The Legend of Mor'du, wêryn't de skiednis fan Mor'du ferteld wurdt út it perspektyf fan 'e hekse.

De wichtichste stimakteurs dy't meiwurken oan 'e Brave, wiene Kelly Macdonald as prinsesse Merida, de Skotske komyk en akteur Billy Connolly as kening Fergus en de Ingelske aktrise Emma Thompson as keninginne Elinor. De rol fan Merida soe oarspronklik ynsprutsen wurde troch Reese Witherspoon, mar dy moast ôfsizze om't se oare ferplichtings hie. Yn 'e oarspronklike ferzje fan 'e film waard troch alle akteurs Skotsk-Ingelsk sprutsen. Yn 'e Nederlânsk neisyngronisearre ferzje waard inkeld Standertnederlânsk sprutsen. De haadrollen yn 'e neisyngronisearre ferzje waarden fertolkt troch Caro Lenssen as Merida, Peter Tuinman as kening Fergus en Renée Soutendijk as keninginne Elinor.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Resinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foaroansteande Amerikaanske filmkritikus Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, joech Brave 3 fan 4 stjerren. Hy fûn de film in moai ferhaal foar bern, mar yn ferliking mei oare produksjes fan Pixar, lykas Toy Story en Finding Nemo, foel it him eins wat ôf. Ebert skreau dat Pixar diskear "oan it streupen wie op tradisjoneel gebiet fan Disney." In pluspunt fûn er it posityf boadskip fan Brave oer it ferbetterjen fan 'e kommunikaasje tusken memmen en harren tinerdochters, mar, sa skreau er, "jins mem te feroarjen yn in bear is wol in wat ekstreme earste stap."

Yn it tydskrift Variety wie resinsint Peter Debruge ek loovjend oer de film. Hy skreau dat de film "in stoerdere, selsrêdsumer heldinne [biedt] foar in tiid wêryn't prinsen net mear sa sjarmant binne, tsjin in wielderich detaillearre Skotske eftergrûn, dêr't it ljocht fan har geast like fel oplôget as har fjurrich reade hier." Hy fûn ek dat Pixar mei de film in earbetoan oan mem-dochterrelaasjes brocht hie dy't net ûnderdie foar klassikers oer it oanheljen fan bannen tusken heiten en soannen, lykas Finding Nemo. Todd McCarthy, fan The Hollywood Reporter, oan 'e oare kant, wie hielendal net wei fan Brave. Hy fûn dat de film "wylst er trochtuft, belunet ta in nochal lyts gefal, mei in dramatyske klimaks dy't alles té moai ôfrûnet en ek noch ôfhinget fan magyske eleminten dy't as bykommend probleem frijwat betiizjend binne."

In aktrise dy't de rol fan prinsesse Merida spilet yn it ferdivedaasjepark Disneyland.

Op 'e website Rotten Tomatoes, dy't resinsjes opgarret, krige Brave lykwols in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op beoardielings troch 232 resinsinten. Neffens de bygeande tekst op 'e webside biedt de film "it jonge publyk en leafhawwers fan mearkes in opwinend, grappich fantasy-aventoer fan ferrassende djipte mei in froulik ynfalspunt."

Opskuor om Merida[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de premiêre ûntstie der in lytse opskuor doe't Disney by de oankundiging fan 'e 'kroaning' fan Merida as in Disney-prinsesse in ôfbylding pleatste fan in Merida mei in tinner lichem, minder krôljend hier en gruttere, rûnere eagen as yn 'e film. Dêrmei krige Merida in uterlik dat mear liek op dat fan eardere Disney-prinsessen lykas Sniewytsje (Snow White), Jiskepûster (Cinderella) en Toarnroaske (Sleeping Beauty). Om't in soad sjoggers it uterlik fan Merida sa't se yn 'e film portrettearre wie, krekt as in wolkomme modernisearring beskôgen, kaam dêr in soad dalje op, net inkeld fan Brave-fans, mar ek fan feministyske groepearrings.

De webside A Mighty Girl begûn in online-petysje tsjin 'e feroarings en sammele yn koarte tiid 262.196 hantekenings. Dêrûnder wie ek dy fan 'e geastlike mem fan Merida, regisseur Brenda Chapman, dy't fûn dat Disney "de essinsje ferret [hie] fan wat we besochten te dwaan mei Merida: famkes en froulju in better, sterker rolmodel jaan." Ek sei se dat de makeover fan Merida "in skamteleas seksistyske marketing-set [wie], ynjûn troch habsucht." De petysje wie in súkses, want koarte tiid letter ferfong Disney alle ôfbyldings fan 'e op 'e nij besjoene Merida op syn websiden troch it orizjinele personaazje. Letter bewissige Disney de fans iepentlik dat Merida har oarspronklike foarm behâlde soe.

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brave waard in grut súkses. Yn Noard-Amearika brocht de film $237,3 miljoen yn 't laadsje, en yn oare lannen $303,2 miljoen. Wrâldwiid brocht dat de opbringst op $540,4 miljoen, wat in winst betsjutte fan $355,4 miljoen. Dêrmei wie it de op tolve nei meast opbringende film fan 2012 en de op twa nei meast opbringende tekenfilm fan dat jier, nei Ice Age: Continental Drift ($875,3 miljoen) en Madagascar 3: Europe's Most Wanted ($746,9). It bioskooppublyk dat op Brave ôfkaam, bestie nei skatting foar 57% út froulju en foar 43% út manlju. De film wûn yn 2013 ferskate prestizjeuze prizen, mei as wichtichsten de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm, de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm en de BAFTA yn deselde kategory. Fierders waard Brave ek nominearre foar û.m. in Grammy, in Saturn Award en twa Satellite Awards.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.