Springe nei ynhâld

Peter Tuinman

Ut Wikipedy
Peter Tuinman
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammePeter Koop Tuinman
berne15 april 1947
berteplakTwizel
jierren aktyf1967-no

Peter Koop Tuinman (Twizel, 15 april 1947) is in Nederlânsk akteur.

Peter Tuinman is berne yn Twizel as soan fan in skoalhaad. Heit Anne Tuinman sette toanielstikken oer, tekene, en skreaun revu’s. Mem Albertha Bloembergen wie djipleauwich en song yn it tsjerkekoar fan Oerterp. Syn âlden namen him faak mei nei it teäter De Lawei yn Drachten.

As tsiener woe Tuinman lykwols sporter wurde. Op de middelbere skoalle blykt Peter as atleet en as basketballer by de bêsten fan de skoalle te hearren. Hy makket diel út fan it basketbalskoalteam. Hy wurdt ek lid fan atletykferiening AV’55 op It Hearrenfean, mar neidat in lytse hertôfwiking fêststeld wurdt moat hy him syn dreamde karrière as atleet út’e holle sette.
Peter Tuinman giet dochs it toaniel op en troch it selskip Tryater waard hy bekend. Op it Drachtster Lyseum makket er de hbs-a ôf en giet sosjology studearjen. Hy brekt syn stúdzje lykwols ôf en wurdt frachtweinsjauffeur, diskjockey en barkeeper. Dêrnei wurdt hy manager by in bank. Syn hobby bliuwt toanielspyljen. Op advys fan de lieder fan Tryater wurdt hy beropsakteur. Tuinman spile yn de telefyzjesearjes Tusken wâl en skip (1977) en De Kris Pusaka út itelde jier, mar bruts troch mei syn rol yn de film Spetters as Jaap, de homoseksuele broer fan Fientje. Hjirnei folgen rollen yn ferskate oare Nederlânske spylfims. Tuinman is dêrneist aktyf as toanielspiler en as telefyzje-akteur.

Tuinman is ek yn ferskate Fryske films te sjen, ûnder oaren yn De Dream - in ferfilming fan de Hogerhuis-saak út 1985 - en De Fûke (2000). Yn de dramasearje Dankert & Dankert fan Omrop Fryslân, ynspirearre op de twilling Willem en Hans Anker, spilet Tuinman de dûbele haadrol.
Yn 1985 krijt hy in Gouden Keal foar syn rol as Wybren Hogerhuis yn De Dream.

Yn septimber 2018 spile er, tegearre mei Lisanne Dijkstra, de haadrol yn it lokaasjeteäterstik Het meisje van Yde.

Yn 2019 is er ophâlden mei aktearjen. Yn 2024 krige Tuinman de Rense Westra Oeuvre Award. By de útrikking sei er dat er noch wol meispylje wol yn in film oer Eise Eisinga; in nij projekt fan regisseur Steven de Jong. [1]

Priveelibben

Tuinman is skieden fan Froukje Oostra. Ut syn eardere relaasje mei Patricia Bleeker hat er in soan, Frank Tuinman. Yn 2005 wenne er yn Oerterp.

  • Tussen Wal en Schip (1977)
  • De Kris Pusaka (1977)
  • Transport (1983)
  • Oog in Oog (1991)
  • Bureau Kruislaan (1993) detective fan Vivan Pieters
  • Unit 13 (1996)
  • Costa! ôfl. 'Zwoele Nachten, Ware Liefde' (2001)
  • Baantjer
    • De Cock en de Moord op de Werf (2001)
  • All Stars (18 desimber 2001, gastrol as Bram syn 'omke Jan')
    • De Cock en de Onzichtbare Moordenaar -diel 1 en 2 (2006)
  • Dankert & Dankert Telefyzjerige - Pieter/Jelle Dankert (sa'n 50 ôfl., 2006-2007)
  • Bit (telefyzjerige) - Boargemaster (Ofl., In bline neger, 2008|Skuld & ferjouwing, 2009)
  • Hoe tem je een draak (2010) - Stim
  • De Goede Dood (2012) - Robert
  • Moordvrouw (2012) - Ewoud Nissick
  • Rood (2013) - Jager
  • Sams Kerst (2015) - Pake Jacob
  • Flikken Maastricht (2015) - Hans Bartelmans
  • Sinterklaasjoernaal (2017) - Bauke Berenburg
  • Gouden Keal - bêste akteur De Dream, 1985
  • Louis d'Or - bêste akteur, nominaasje, De Revisor, 1991
  • Parse-priis - Ik Jan Cremer, rock-opera, 1986
  • Prix d'Italia – Ik ga naar Tahiti, 1993
  • Gouden Keal - De Fjoertoer, nominaasje

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: