Pieter Verhoeff

Ut Wikipedy
Pieter Verhoeff
regisseur en/of produsint
Pieter Verhoeff yn 1987
Pieter Verhoeff yn 1987
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 4 febrewaris 1938
berteplak De Lemmer
stoarn 17 april 2019 (81 jier)
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as Regisseur
jierren aktyf 1966-2019
prizen Gouden Kalf (njoggen kear)
offisjele webside
(in) IMDb-profyl
Profyl by Moviemeter

Pieter Verhoeff (De Lemmer, 4 febrewaris 1938 - Amsterdam, 17 april 2019) wie in Fryske film- en dokumintêreregisseur om utens.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Verhoeff folge de Nederlânske Filmakademy, dêr't er yn 1966 ôfstudearre. Hy waard yn 't foarste plak bekend fan de spylfilms Het teken van het beest (in ferfilming fan de roman De houn sil om jim bylje fan Rink van der Velde oer IJje Wijkstra, dy't yn 1929 fjouwer fjildwachters deaskeat), De Dream (oer de Hogerhuis-saak yn 1895), en Nynke (oer Nienke van Hichtum en Pieter Jelles Troelstra). Omdat dy films alle trije yn Fryslân splen, wie Verhoeff wolris benaud om as de streek-romancier van de Nederlandse film beskôge te wurden.

Njonken spylfilms makke Verhoeff fan de jierren santich ôf ek dokumintêres. Faaks is er ek de earste Nederlânske regisseur west dy't in pseudo-dokumintêre makke, Rudy Schokker huilt niet meer út 1972 ( mei in senario fan Gerben Hellinga). Ek regissearre er ôfleveringen fan Het Gat van Nederland en wie er de earste regisseur fan Jiskefet; hy wie ek de betinker fan de titel fan dat programma. Yn 1988 wie Verhoeff de gast yn it praatprogramma Zomergasten. Yn De fjoertoer, dy't him ôfspilet om de fjoertoer fan De Lemmer, ferhelle er in stik fan syn eigen skiednis en fan syn broer, in Ynjegonger dy't nei't er weromkaam wie net mear aardzje koe.[1]

Yn 2007 regissearre er de telefysje-útstjoeringen fan Radio Bergeijk foar de VPRO. Yn 2008 ferskynde syn film De Brief voor de Koning, de ferfilming fan it boek De brief voor de koning fan Tonke Dragt. Dêrnei produsearre er ûnder mear Tokyo Trials, oer it proses fan Tokio en de rol fan Bert Röling. Yn 2017 wurke Verhoeff oan in film oer de Nederlânske skriuwer Herman Koch.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt juny 2009 wie er in Fryske spylfilm, licht basearre op de opera 'Carmen', oan it tarieden mei de tenoar Albert Bonnema.

Underskiedings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Regisseur Pieter verhoeff (81) overleden, Frysk Deiblêd, 19 april 2019