De Fjoertoer
De Fjoertoer is in film út 1994 fan Pieter Verhoeff (1938-2019). De trijedielige film waard makke foar de VPRO, frij nei oantinkens fan Verhoeff oan in stikje fan syn jeugd yn Fryslân.
De fjoertoer is in tige persoanlike, mar net autobiografyske film, opdroegen oan de soan fan Verhoeff, Auke. Haadpersoan Gerben is fjirtjin, fyftjin jier âld en wennet yn in fiskersdoarpke oan de Iselmarkust, bygelyks De Lemmer. Mei syn beide maten swalket Gerben om de ferlitten fjoertoer, swimt yn de mar en makket er muzyk. Hy rekket fereale, ûntdekt syn eigen lichem en sjocht syn âlden fan harren fuotstik fallen. Omdôch besiket hy kontakt te krijen mei syn út Ynje weromkomde broer. Mei in omke giet er nei it Konsertgebou yn Amsterdam, oan de oare kant fan it wetter. Dat binne de grutte foarfallen. Like wichtich yn De Fjoertoer binne de deiske details, it libben yn en om de lytse wenning, dêr't muoike Fokje yn har hystearyske laits útbarstet en syn heit fûleinich op in rôt jaget. Neigeraden Gerben âlder wurdt, wurde syn waarnimmings better oardere, mar in ferhaalline ûntbrekt. Wat al weromkomt is ferlies: Gerben ferliest efter elkoar syn buorfamke oan in bloedsykte, syn grutte leafde oan Eric de Noarman en syn broer oan in oarlochstrauma. Ek de fjoertoer, symboalysk foar de bân fan de trije jonges mei harren bertegrûn, giet ferlern, vlak foardat se útswermje sille nei de grutte stêd.
- Tryater
De fjoertoer waar makke yn gearwurking mei toanielgroep Tryater, wêrfan benammen Rense Westra as omke Sake en Hilbert Dijkstra as broer Fimme opfalle. Peter Tuinman stammert oertsjûgjend en Annet Malherbe bringt mei har dijen in hommaazje oan Fellini's Amarcord. Hans Heerschop, de jonge dy't Gerben spilet, waard troch Verhoeff ûntdekt op in skoallefestival. Nuver genôch spilet de jonge trompet en stammert syn vader, krektas yn de film.
De fjoertoer koste 2,7 miljoen gûne. De telefyzjeferzje waard werombrocht nei in bioskoopferzje fan 100 minuten.
Oer De Fjoertoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Produksje: Hans de Weers en Hans de Wolf.
- Senario en regy: Pieter Verhoeff.
- Kamera: Paul van den Bos.
- Lûd: Roberto van Eyden.
- Montaazje: Mario Steenbergen.
- Muzyk: Cees Bijlstra.
- Mei ûnder oare Hans Heerschop, Peter Tuinman, Joke Tjalsma, Hilbert Dijkstra
- Kleur, 3 x 60 minuten.