Cees Bijlstra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Cees Bijlstra (Sniksweach, 23 febrewaris 1946 - Grou, 18 april 2004) wie in redakteur en komponist.

Op de muzykskoalle fan De Jouwer folge er pianolessen. Yn syn opliedingstiid ta ûnderwizer komponearde er de earste muzyk op kabaretteksten.

Fan 1970 oant 1978 wie Bijlstra pianist en kombolieder by it kabaret fan Rients Gratama. Fierders wurke er as redakteur skoalletelefyzje by Omrop Fryslân. Bijlstra waard benammen bekend as komponist fan teater- en filmmuzyk. Hy wurke dêrby in soad gear mei regisseur Pieter Verhoeff. Mar hy bleau muzyk op lietteksten meitsjen û.o. foar Leny Dijkstra, Inez Timmer, Roel Slofstra en Douwe Heeringa.

Komposysjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De dream ( filmmuzyk, 1985 )
  • Van geluk gesproken ( filmmuzyk, 1987 )
  • De vuurtoren ( filmmuzyk, 1994)
  • De langste reis ( filmmuzyk, 1996 )
  • Maten ( filmmuzyk, 1999 )
  • Nynke ( filmmuzyk, 2001 )
  • Kollaazje ( Tegearre mei oaren )
  • Danserije ( Tegearre mei oaren )

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Muziek Cees Bijlstra ( CD mei oaren, 2008 )