Inez Timmer
Inez Timmer | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Inez Timmer | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 1954 | |
berteplak | Dedemsfeart | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Ingelsk, Dútsk, Frysk |
Inez Timmer (Dedemsfeart, 1954) is in Nederlânsk sjongster út Dedemsfeart. Har earste optredens wienen yn it kafee by har thús yn Dedemsvaart. Yn har jeugd learde se trompetspyljen en op har fyftjinde wie se lieder yn har eigen groep.
Inez folge in oplieding ta learares en stie foar de klas oant har njoggenentweintichste. Tusken 1975 en 1983 song se yn Irolt. Nei har relaasje mei Nanne Kalma studearre se jazz oan it konservatoarium yn Hilversum. Se krige les fan Greetje Kauffeld. Se studearre ôf as jazzsjongeres, mar die dêr ynearsten net folle mei. Yn 1991 die se mei yn de formaasje It Aai fan Abel. Dêrneist song se wol Fryske en Ingelske ferskes, faak waard se dan begelaat troch Peter van der Zwaag. Yn datselde jier helle se mei Frederike Kleefstra de finale fan Liet '91 mei Wy geane ús eigen paad. Omdat se yn de kaartebak by Joop van den Ende siet, mocht se audysje dwaan foar de musical Cyrano. Se waard oannomd en begûn in musicallibben.
Eastenryk en Dútslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei The Phantom of the Opera ferfart se nei Wenen. Yn Eastenryk en Dútslân krijt hja yn alle bekende musicals in grutte rol. Nei acht jier giet Timmer in skoft út it muzikale wurk. Se miste de ynteraksje mei it publyk. Se waard solist en letter entertainment manager op in grut cruiseskip. Op ien fan de cruises moete se har man Peter. Se wenje úteinlik yn it Dútske Essen.
Werom nei Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't se hearde dat Leonard Cohen yn it Frysk opfierd waard woe se werom om by te dragen oan de Fryske kultuer. Ein 2012 begûn se wer mei it Fryske teäterprogramma Inez. Hja hie Heimat & Heitelân skreaun, in foarstelling oer it wikseljen tusken twa kultueren. De foarstelling Op alle Fronten waard bekroand mei 5 stjerren fan de Ljouwerter Krante. Se skittere yn 2019 as Mme Armfeld yn A Little Night Music en krige in nominaasje foar bêste byrol. Datselde jiers waard se heale finalist yn The Voice Senior en yn july 2021 wint Inez it Alderein Sjongfestival yn Amsterdam. [1]
Kar-út fan foarstellings dêr't Inez Timmer oan meiwurke:
Seizoen | Produksje | Produsint |
---|---|---|
1979-1980 | Frou Minske | Tryater |
1992-1993 | Cyrano de musical | Joop van den Ende Theaterproducties BV |
1993-1994 | Ik snij de ui totdat jij huilt | Stichting Hellevoet Theater |
1993-1994 | The Phantom of The Opera | Joop van den Ende Theaterproducties |
2013-2014 | Heimat & Heitelân | Inez Timmer |
2015-2016 | Op alle fronten | Inez Timmer |
2018-2019 | A Little Night Music | Nederlandse Reisopera |
2022-2023 | Ut Liwwadder bieroproer fan 1487 | BUOG |
2022-2023 | Cantare & Mangiare | Inez Timmer |
2024 - 2025 | Wakend oog | BUOG |
2024-2025 | Baas Giele Taksy | Inez Timmer |
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Join the ducks(1979)
CD's mei oaren:
- Aaipop (1992)
- De Beste fan Omrop Fryslân (1992)
- De Beste fan Omrop Fryslân, diel 2 (1993)
- De Beste fan Omrop Fryslân, diel 3 (1998)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|