Rense Westra

Ut Wikipedy
Rense Westra
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 30 septimber 1946
berteplak Aldwâld
stoarn 2 maart 2015 (68 jier)
stjerplak Ljouwert
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Rense Westra (Aldwâld, 30 septimber 1946 - Ljouwert, 2 maart 2015) wie in Frysk akteur.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grêf fan Westra

Westra hat yn mear as tachtich stikken fan Tryater spile, lykas Fryske útfierings fan Richard III, In Midsimmernachtdream en Romeo en Julia fan Shakespeare en It Kersehôf fan Tsjechov. Fierders spile er sûnt 1985 yn ferskate Fryske films, ûnder oaren De Gouden swipe (1995) en De Fûke (2000). Foar syn rol yn De Fûke waard er nominearre foar in Gouden Keal foar de Bêste Akteur. Westra spile fjildwachter Swart yn twa ferfilmings fan de De Kameleon-jeugdboekerige en yn de dêrnei makke musical, De Kameleon Untfierd (2006).

Yn Fryslân is er foaral bekend wurden troch syn rol fan Beant Baas yn de Frysktalige sitkomrige Baas Boppe Baas dy't fan 2001 oant 2005 te sjen wie by Omrop Fryslân. Ek yn de fan Rients Gratama yn 2007 regisearre teäterferzje fan Baas boppe Baas spile er in haadrol. Westra is yn Hollân bekend fan de rol fan Alvestêdetochtfoarsitter út de film De Hel van '63 en fjildwachter Swart út de films fan De Kameleon. Yn 2009 sei Rense Westra ûnder de 'making of' fan De Hel van '63 dat er fan syn 'Beant Baas-imago' ôf woe. Dêrom naam er de rol yn De Hel van '63 op him.

Op tillefyzje wie Rense Westra te sjen yn soapsearjes as Goudkust (1996) en Westenwind (1999). Westra hie ek in fêste rol yn de Fryske abbekatesearje Dankert & Dankert. Hy hat ek wurk dien foar de Fryske skoalletelefyzje en radioprogramma's. Fierders hat er kabaret skreaun en spile, hat er ferskate dokumintêres ynsprutsen en hat er te sjen west yn tillefyzjereklames. Tsjin 'e ein fan syn karriêre hie Westra yn 2015 (opnommen yn 2014) noch in lytse roltsje, suver in kameo, yn 'e histoaryske film Michiel de Ruyter, oer de santjinde-iuwske seeheld mei deselde namme.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Westra's persoanlike libben spile it kristlik leauwen in grutte rol. Hy wie in geregelde tsjerkegonger en hat sels ek preke, yn it Frysk en yn it Nederlânsk.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rense Westra ferstoar op 2 maart 2015 yn it MCL yn Ljouwert. Hy is 68 jier wurden. Hy kaam te hôf yn Warten.

Mids septimber 2018 waard yn 'e tsjerke fan Warten In Ikoan mei in Knypeach holden, in betinking fan Westra, dy't lang yn Warten wenne en tsjerke.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]