Baas boppe Baas

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Baas Boppe Baas)

Baar boppe Baas wie in Frysktalige dramarige fan Omrop Fryslân, makke troch Steven de Jong.

De dramarige spilet him ôf om de famylje Baas hinne yn it fiktive plakje Utgea, earne yn de Wâlden. De populêrens fan de rige komt foar in part fan de aktuele tema's dêr't Beant Baas (Rense Westra) en syn famylje mei te rêden krije, mar mear noch fan it goede aktearwurk.

Rige[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baas boppe Baas is makke mei stipe fan de provinsje Fryslân. De opnammen waarden makke yn de studio's fan Omrop Fryslân, en foar de bûtenopnammen yn de omkriten fan Ljouwert. De earste searje waard fan 13 novimber 2001 ôf útstjoerd. De ôfleverings yn desimber 2001 lutsen yn trochslach sa'n 130.000 sjoggers. Der kamen ek in twadde en in tredde searje, en yn 2004-2005 rûn de fjirde en lêste searje.

Spilers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It temaliet fan de rige, It rint sa't it rint waard songen troch Agnes Sambrink.

Oare ferzjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rige rint sûnt novimber 2004 mei ûndertiteling ek by RTV Oost en op de Nederlânske tillefyzje stjoert de KRO de searje út sûnt 2005. De searje is ek op kompaktskiif útkaam. Der wurdt no wurke oan in teaterferzje, de Baas Boppe Baas Revue, dy't 19 oktober 2007 oangean moat.