Meriyem Manders

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Meriyem Manders
Filmklapper.png akteur
Meriyem Manders
Meriyem Manders
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 24 jannewaris 1975
berteplak Amsterdam
jierren aktyf 2001 - no
offisjele webside
Webstee Meriyem Manders
Meryem Manders
Fotograaf: Ivo Geskus

Meriyem Manders (Amsterdam, 24 jannewaris 1975) is in aktrise en model út Ilpendam. Se waard benammen bekend troch har rol as Talieta Baas yn 'e tillefyzjerige Baas boppe Baas. Se is in efternicht fan Tom Manders.

Nei har oplieding en in karriêre yn it moadefak keas se foar aktearjen en modellewurk. Se folge fan 1999 - 2001 de toanieloplieding Amsterdam “de Trap”. Nei de jûnsoplieding Cameratrajekt hat hja dêr in trijejierrige deioplieding Teaterskoalle folge. Yn 2005 folge se de Royal Academy of Dramatic Art London, “RADA”.

Har sjong-, dûns- en aktearkwaliteiten toande se yn har fêste rol yn de Dinner show. De show waard opfierd yn it Prinsesteater 'Vedette' yn Rotterdam.

Manders spile in gastrol yn de earste Nederlânske soaprige GTST. Ek spile se in gastrol yn 'Westenwind' op RTL4. Foar de Amsterdamske sjoerder AT5 presinteare hja in autoprogramma.

Teäter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meriyem spile de haadrol 'Medea' yn it stik Koste wat het kost ûnder regy fan Marjolein Roeleveld.

Foar Omrop Fryslân spile se yn de dramarige 'Baas Boppe Baas' (12 ôfleveringen it jier) de rol fan Talieta. Hjirby wie se de tsjinspylster fan Rense Westra. Yn 2007 makket Meriyem mei Westra in teäterprogramma nei oanlieding fan de telefyzjerige. Rense “Beant” Westra en Meriyem “Talieta” Manders, spylje it op spande foet libjende pear (skoanheit/dochter) yn in kabareteske sfear fol humor. De yngrediïnten hawwe dêryn in natuerlike tsjinstelling as man-frou, Frysk-Nederlânsk, autochtoan-allochtoan en âld-jong.

Teater[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2003 - Koste wat het kost. Rol Medea. Regy Marjolein Roeleveld
  • 2003 o/m 2005 - Vedette Muziektheater, ferskate rollen + sang

Film en telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2018 - De Kameleon as boargemaster
  • 2017 - Mees Kees as Mem Hasna. Ofl. Fancy Fair
  • 2015 - Koefnoen presenteert Reporter (tf). Ofl. Toyboy
  • 2015 - Dans met de Duivel (film) as Diane van Someren
  • 2013-2015 - SpangaS as Berna van der Laken
  • 2010 - GTST as Tiffany. Ofl. 4080, 4083 en 4085
  • 2005 - de Kameleon 2, rol boargemastersfrou. Regy Steven de Jong
  • 2005 - Dress Devils, pilot TV programma NPS. Regy Bert v.d. Veer
  • 2005 - VNN Travel, presintaasje reisclips
  • 2005 - De Auditie, presintaasje en sjuerylid TV programma D&D
  • 2005 - TV Oranje, presintaasje TV programma
  • 2005 - Neveneffecte, gastrol yn Belgyske Comedy as “sexy flik”
  • 2005 - TV5. Sfearbylden foar de Belgyske TV5.
  • 2004 - Mindhunters, rol FBI technikus. Regy Renny Harlin
  • 2003 - Strak op de bandjes, presintaasje AT5.
  • 2003 - Open Mind, koarte film, regy Kai Driessen
  • 2003 - Pilot Hey Hey it’s Saturday, regy Jeroen Boom
  • 2003 - Underdog, yn opdracht fan de KRO.
  • 2003 - De Schippers van de Kameleon, rol boargemastersfrou. Regy Steven de Jong
  • 2002 - Pilot Sterrenweg, rol Mirjam. Prod. WanTed! productions
  • 2001 o/m 2005 - Baas Boppe Baas, rol Talieta Baas. 40 ôfleveringen.
  • 2001 o/m 2004 - Ned1 (Omrop Fryslân), regy Steven de Jong
  • 2001 - Westenwind, rol Monique. Regy Hans Scheepmaker
  • 2001 - G.T.S.T., rol Angela.
  • 2001 - Kane, fideoclip

Stand-in / Bodydouble[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se wie de fêste bodydouble foar Patricia Velasquez yn de film Mindhunters. Yn de film Utility wie se stand-in foar de film Girl yn Hyacint Blue.

Commercials / Modellewurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sy wurke ûnder oaren foar Men’s jeanswear, Telfort-Via5, DSB bank, Nutricia, Bristol,Philips, Knip mode, Aubade, Seat, Resi meubels en Jumbo.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: