Springe nei ynhâld

Medysk Sintrum Ljouwert

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan MCL)
Medysk Sintrum Ljouwert
Medisch Centrum Leeuwarden
  sikehûs
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
adresHenri Dunantwei 2
koördinaten53°11′25″N 5°48′7″E
bysûnderheden
ôfkoartingMCL
typetopklinysk sikehûs
streamingsekulier
bêden653
wurknimmers>3.000
skiednis
oprjochting1982
opheffing2025
fuortk. útSint-Bonifatius Hospitaal
Diakonessehûs
Triotel
opgien ynFrisius MC
gebou
namme gebouMedysk Sintrum Ljouwert
boujier1971 (âlde Triotel)
1987 (nijbou)
boustylmodern
offisjele webside
www.mcl.nl
kaart
Medysk Sintrum Ljouwert (Ljouwert)
Medysk Sintrum Ljouwert
De lokaasje fan MCL yn Ljouwert.

It Medysk Sintrum Ljouwert (Nederlânsk en offisjeel: Medisch Centrum Leeuwarden), ornaris ôfkoarte ta MCL, wie in sikehûs yn Ljouwert. It bestie fan 1982 oant 2025, doe't it opgie yn it Frisius MC. It fysike sikehûs (d.w.s. it gebou) funksjonearret no as de lokaasje Frisius MC Ljouwert.

It MCL stiet yn it suden fan Ljouwert en hat 653 bêden. It wie it grutste net-akademyske sikehûs fan Nederlân mei in regionale funksje foar hiel Fryslân. It hie hast alle gebrûklike spesjalismen yn 'e hûs en dêrnjonken in tal bysûndere spesjalismen en sintra, lykas it Hertsintrum Fryslân, it Spatiersintrum Fryslân en it Sintrum foar Obesitas Nederlân. It MCL wie yn 2004 ien fan de earste sikehuzen fan it lân mei spesjaal ynrjochte operaasjekeamers foar minimaal-ynvasive sirurgy, de saneamde endosuites. It MCL fersoarge yn 'e mande mei it UMCG yn Grins opliedingen ta medysk spesjalist. It MCL hie in eigen opliedingsynstitút, de MCL Akademy.

Haadyngong MCL

It MCL ûntstie yn 1982 út trije Ljouwerter sikehuzen:

Yn respektivelik 1987 en 2004 waarden it MCL-midden en it MCL-Noard sluten. De namme MCL-Súd waard yn 2004 feroare yn MCL. It hjoeddeistige sikehûsgebou waard yn 1987 boud en letter ferskate kearen útwreide. It MCL is no it grutste gebou fan Ljouwert.

MCL Harns, it eardere Streeksikehûs Oranjeoard wie sûnt 1995 ek ûnderdiel fan it MCL. Dit sikehûs koe allinnich bestean bliuwe as it fusearje soe.

Op 1 jannewaris 2025 hold MCL op te bestean, doe't it sikehûs fusearre mei De Tsjongerskâns op It Hearrenfean ta it nije Frisius MC. Sûnt funksjonearret it gebouwekompleks yn Ljouwert as de lokaasje Frisius MC Ljouwert.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]