Springe nei ynhâld

MCL Harns

Ut Wikipedy
MCL Harns
  sikehûs
MCL Harns. De wite dûbele doar ûnder de luif, yn 'e midden fan 'e foto, is de haadyngong.
MCL Harns. De wite dûbele doar ûnder de luif,
yn 'e midden fan 'e foto, is de haadyngong.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Harns (gemeente)
plak Harns (stêd)
adres Achlumerdyk 2
koördinaten 53°09′44.7″N 5°25′46″E
bysûnderheden
type streeksikehûs
streaming sekulier (hist. protestansk)
diel fan Medysk Sintrum Ljouwert
bêden (inkeld noch polyklinyk)
skiednis
hist. namme Streeksikehûs Oranjeoard
oprjochting 1960 (as Oranjeoard)
1995 (as MCL Harns)
opheffing 1995 (as selsstannich sikehûs)
2023 (as depindânse fan MCL)
fuortk. út Streeksikehûs Oranjeoard
opgien yn Medysk Sintrum Ljouwert
gebou
namme gebou MCL Harns
boujier 1974
boustyl modern
offisjele webside
www.mcl.nl/patient/specialismen-en-centra/mcl-harlingen
kaart
MCL Harns (Harns)
MCL Harns
Lokaasje yn Harns.

MCL Harns of Medysk Sintrum Ljouwert, lokaasje Harns, is in sikehûs yn 'e Fryske stêd Harns, dat ûnderdiel útmakket fan it gruttere ferbân fan MCL, yn Ljouwert.[1] Oarspronklik wie it in selsstannich sikehûs fan protestantsk-kristlike synjatuer mei as namme Streeksikehûs Oranjeoard.[2] Tsjintwurdich kin men der inkeld noch telâne foar (dei)behannelings yn 'e polyklinyk.[1]

It protestantske Sikehûs Oranjeoard waard yn 1960 iepene oan 'e Harnzer Keninginne Wilhelminastrjitte.[2] It wie doedestiden it twadde sikehûs fan Harns, njonken it al yn 1872 oprjochte roomske Sint-Joazefsikehûs.[2] Dat gie lykwols yn 1970 ticht.[2] Yn 1974 ferfear Oranjeoard nei in nij gebou oan 'e Achlumerdyk 2.[1][2] Tagelyk waard de namme doe oanpast ta Streeksikehûs Oranjeoard.[2] Yn it âlde gebou oan 'e Keninginne Wilhelminastrjitte kaam yn 1975 de Plysjeskoalle 'De Harne' te sitten, dy't der bleau oant de sloop fan it gebou yn 1988.[2]

Yn 1995 fúzjearre Oranjeoard mei it Medysk Sintrum Ljouwert (MCL), en as gefolch dêrfan waard it doe omneamd ta MCL Harns.[3] Dêrnei feroare it karakter fan it sikehûs yngeand. Yn 2007 waard besletten dat der yn Harns gjin operaasjes mear útfierd wurde soene; dêrfoar moast men tenei nei Ljouwert.[4] De reden dêrfoar wie dat der ferlet wie fan in ynvestearring fan 3 miljoen om 'e operaasjekeamers fan MCL Harns te modernisearjen. Foar de 2200 operaasjes dy't dêr jiers plakfûnen, waard dat troch de direksje fan MCL ekonomysk sjoen "absolút ûnferantwurde" fûn.[4] Sadwaande bleau der yn Harns inkeld in polyklinyk oer.[4] Neitiid waard it gebou foar optimaal gebrûk troch dy polyklinyk tusken 2010 en 2012 wol yngeand renovearre.[3]

Yn maart 2022 waard bekendmakke dat MCL it sikehûsgebou yn Harns yn 'e ferkeap die, mei't it te grut wie en te djoer yn ûnderhâld foar it doetiidske gebrûk. Mei de ferkeap fan it gebou soe in diel fan 'e polyklinyske soarch út Harns ferdwine, om konsintrearre te wurden yn Ljouwert. Wol soe der "in takomstbestindige polyklinyk" earne oars yn Harns fêstige wurde.[5] Yn septimber 2024 kaam nei bûten ta dat MCL foarearst ophold mei te sykjen nei in keaper foar it sikehûsgebou en dat de soarch foar it gebou oerdroegen wie oan leechstânbehearder Carex. Alle oerbleaune polykliniken wiene ûnderwilens oerbrocht nei de begeane grûn. De romten op 'e oare ferdjippings soene troch Carex ferhierd wurde oan "ûndernimmers en keunstners".[6]

Hjoeddeistige sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich foarmet MCL Harns it saneamde Soarchplein Harns mei û.m. Soarchsintrum De Batting, dat yn itselde gebouwekompleks fêstige is.[3] Yn 'e polyklinyk kinne pasjinten (nei in trochferwizing troch harren hûsdokter foar de earste ôfspraak) telâne foar behannelings op it mêd fan 'e folgjende spesjalismen:[1]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Ynformaasje oer MCL Harns fan 'e eigen webside.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 2,6 Skiednis fan Harns per jier (sjoch ûnder tabblêd "Anders" en dan by "Jaartallen").
  3. 3,0 3,1 3,2 Reünie Oud-Medewerkers Oranjeoord, op: Liwwadders.nl, 21 jannewaris 2013..
  4. 4,0 4,1 4,2 Alle patiënten naar Leeuwarden: Operatiezaal in Harlingen opgeheft, yn: it Frysk Deiblêd, 11 oktober 2007.
  5. ——, Verkoop MCL Harlingen: gebouw te groot, te duur, yn: de Ljouwerter Krante, 17 maart 2022, s. 26.
  6. ——, Carex ontfermt zich over MCL Harlingen, yn: de Ljouwerter Krante, 21 septimber 2024, s. 21.