Kardiology

Ut Wikipedy
It prinsipe fan in elektrokardiogram

Kardiology (fan it Aldgrykske καρδίᾱ (kardiā) "hert", en -λογία (-logia) "stúdzje") is in tûke fan de genêskunde dy 't him dwaande hâldt mei oandwaningen fan it hert en it hert - en fetstelsel. It fakgebiet omfettet de medyske diagnoaze en behanneling fan oanberne hertôfwikingen, krânsslachiere-oandwaningen, hertfalen, hertklepoandwaningen en elektrofysiology. Dokters dy't spesjalisearre binne op dit mêd fan 'e genêskunde wurde kardiologen neamd, in spesjaliteit fan 'e ynterne genêskunde. Bernekardiologen binne bernedokters dy't spesjalisearre binne yn kardiology. Dokters dy't spesjalisearre binne yn hertsjirurgy wurde kardiotorakale sjirurgen of hertsjirurgen neamd, in spesjaliteit fan 'e algemiene sjirurgy.

De kardiolooch stelt in diagnoaze oan de hân fan de polsslach, de systolyske en diastolyske bloeddruk, it ECG of 'hertfilmke', de echografy fan it hert en de hertkateterisaasje. Koartlyn is it yn in tal sikehuzen ek mooglik de relatyf nije coronary CTA of 3 - diminsjonale hertscan te ûndergean. Sa hoeche ûnregelmjittichheden yn 'e krânsslachfetten sa faak net ynvatyf beoardiele te wurden.

Dit artikel is in stobbe oer genêskunde‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]