De Hel van '63

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Hel van ’63 (De Hel fan ’63) is in Nederlânske film dy’t op 13 desimber 2009 presintearre waard. De film waard regissearre troch Steven de Jong. It ferhellet oer de strieminne omstannichheden by de Tolfde Alvestêdetocht dy’t riden waard op 18 jannewaris 1963. Foar de film binne opnamen makke yn Kemi (Finlân), Litouwen, Letlân en yn de Nederlânske plakken Hylpen, Sleat, Biddinghuzen, Harns, Dokkum en Snits.

Njonken de film is der ek in boek oer de tocht útjûn dy’t deselde ferhaalline folget as de film. It boek is skreaun troch Dick van den Heuvel.

Ferhaalline[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande it tige minne waar beslút it Fryske Alvestêdekommitee, mei de lytst mooglike mearderheid, dat de Tolfde Alvestêdetocht troch giet. It ferhaal giet om fjouwer toerriders fan de Alvestêdetocht, it giet om de trije mannen Henk Brenninkmeijer (in soldaat), Kees Ferwerda (arbeider), Sjoerd Lelkema (boer) en in frou, Annemiek, dy’t mei syn fjouweren gearwurkje moatte om elkoar troch de tocht hinne te krije. Ek wurdt der omtinken jûn oan de problemen dêr’t it Alvestêdebestjoer mei te krijen hie, bygelyks de druk dy’t de media op it komitee lei.

Akteurs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utgongsposysje fan de film is de Alvestêdetocht fan 1963, omdat dizze slim kâld wie en it waar sa min wie dat de tocht mooglik minskelibbens koste soe, dochs lutsen likernôch 10.000 minsken, dêr't mar 69 minsken in krúske fan krigen, wêrûnder ien frou. Dizze frou foarmet de persoan dêr’t alles om draait.

By it skriuwen fan it skript waard it ferhaal rûnom haadpersoan Reinier Paping útskreaun, de persoan dy’t dizze Alvestêdetocht yn 1963 wûn, mar om it ferhaal wat algemiener te meitsje waard foar in oare ynfalshoek keazen.

Op 22 febrewaris 2009 wienen der opnamen yn Harns.

Op 28 maart 2009 waard de stêd Snits foar in part ôfsluten foar opnamen fan de film. By dizze opnamen waard likernôch 800 figuranten ynsetten. De Snitser Wetterpoarte waard teffens ôfsluten en de oanwêzige minsken moasten sa folle mooglik yn klean fan de jierren ’60 komme.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Heuvel, Dick van den (2009). De Hel van ’63 – Ontbering, wilskracht en liefde. ISBN 9789058040473

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]