Springe nei ynhâld

Alvemarretocht

Ut Wikipedy

De Alvemarretocht is in reedriderstocht fan tusken de 70-120 kilometer dy't by de alve marren fan Fryslân lâns giet. It is krekt as de Alvestêdetocht in 'klassiker' dy't foar it earst hâlden waard yn 1940 en ferfolgens yn 1941, 1942, 1946, 1954, 1956, 1963, 1982, 1985, 1986, 1987 en 1997. De tocht bestie earder út in toertocht en in wedstriid, mar troch de komst fan it Prinses Margrietkanaal, wêrtroch de ferbining mei it marrengebiet ferbrutsen rekke is der gjin wedstriid mear hâlden. De stêd Snits is startplak en finish.

Sûnt 1982 wurdt de Alvemarretocht troch de iiswegensintrale Snits-Wymbritseradiel-Drylts yn gearwurking mei de iiswegesintrales fan Sleat , Gaasterlân, Nijefurd en Boalsert-Wûnseradiel. It trajekt giet oer fearten, poelen en marren (11) yn de Súdwesthoek fan Fryslân lâns sân fan de alve stêden nammentlik Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum en Boalsert.

Doe't de Alvemarrentocht yn 1987 troch oerweldige belangstelling (sawat 20.000 meidoggers) oan syn eigen eigen populariteit ten ûnder drige te gean, is út feiligens-oerwegingen it tal meidoggers beheind ta 12.000 yn totaal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

webside fan de friescheijsbond