Springe nei ynhâld

Lourens van den Akker

Ut Wikipedy
Lourens van den Akker
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lourens van den Akker
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 8 maart 1989
berteplak Apeldoorn
jierren aktyf sûnt 2006
offisjele webside
https://lourensvandenakker.nl/

Lourens van den Akker (Apeldoorn, 8 maart 1989) is in Nederlânske akteur en producer.

Lourens van den Akker is fan Fryske komôf en groeide op yn Oerterp.[1] Nei de hafû oan it Drachtster Lyceum begûn Van den Akker yn 2006 oan in stúdzje Boukunde oan de NHL Hegeskoalle. Fan 2007 oant 2011 studearre hy oan de Toanielakademy Maastricht.[2] Nei syn stúdzje spile hy by Tryater.

Op de toanielskoalle learde hy Jeek ten Velden kennen. Mei Ten Velden rjochte hy letter it teäterkollektyf Akkersenvelden op.[3] Van den Akker rjochtet him op cross-overproduksjes dêr’t hy fideokeunst, teäter en poëzij mei elkoar ferbynt. [4]

Neist it teäterwurk is hy te sjen yn telefyzje- en filmproduksjes. Yn 2019 waard bekend dat Van den Akker meispilet yn it filmprojekt Grutte Pier fan Steven de Jong. [5]

Teäterrollen (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2004: Adriaan Mol, 13 3/4 jaar
  • 2005: Goulash
  • 2006: De snatervogel heeft hoogtevrees
  • 2010: Drang (Tryater)
  • 2011: Plukt ons
  • 2012: In god we trust
  • 2012: Atelier Oerol
  • 2012: Not a Toy
  • 2014: Heimwee nei Hurdegaryp, a trip down memory lane (Tryater)
  • 2014: Son (Akkers en Velden)
  • 2014: De Iisfoarstin - De IJsvorstin (Tryater) [6]
  • 2015: Thúsfront (Tryater)
  • 2015: Grûn, in famyljekronyk, jubileumproduksje) (Tryater)[7]
  • 2016: Famke en de twifeler (Tryater)
  • 2016: De Wierheid fan Wylgeragea (Tryater) [8]
  • 2016: Kamp Holland (EO)
  • 2016: Kingdom of Earth (Akkers en Velden)
  • 2017: Wat jo wolle (Tryater)
  • 2017: Eén dag uit het knisperende leven van een plastic zakje (Tryater)
  • 2018: Circus Adje (LF 2018)
  • 2018: Parsifall (Tryater)[9]
  • 2018: Us buorman yn Talinn (Homsk) [10]
  • 2018: De Stormruiter (Tryater)
  • 2019: Part-time Paradise (Skoft&Skiep & Tryater)
  • 2019: Karlsson van het Dak (Tryater)
  • 2020: False Flag (Akkers en Velden)
  • 2020: Brandstof (Karavaan)

Film en televyzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2007: Dankert & Dankert (telefyzjerige) - Henk Dankert
    • Frjemd bloed (diel 1) - Henk Dankert
    • Botte bile (diel 1) - Henk Dankert
    • Spacecake en jihad - Henk Dankert
    • Jihad en 1001 Nacht - Henk Dankert
    • Jihad - Henk Dankert
  • 2009: Flikken Maastricht (telefyzjerige) - Guillaume Beenhouwer
    • Stiekem - Guillaume Beenhouwer
  • 2009: De Hel van '63 - Sjoerd [11]
  • 2012: Leve Boerenliefde - technicus
  • 2012: Steen – Kevin
  • 2013: Mei 1940
  • 2013: De Keet (telefyzjerige) – Diede Anninga
  • 2015: Code M - musketier
  • 2015: Voetzoeker – de ferkliezende blêdblazer
  • 2016: Kamp Holland – sersjant Mulder
  • 2017: Get Lost! (telefyzjefilm) – as winkelferkeaper
  • 2019: Vliegende Hollanders (telefyzjerige) - Eddie Fuld (jong)
    • De race - Eddie Fuld (jong)
    • Pioniers - Eddie Fuld (jong)
    • De toekomst - Eddie Fuld (jong)
  • 2020: Jonges (Tryater)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsje
  1. Acteur keert terug naar roots sa24.nl
  2. Toneelacademie Maastricht toneelacademie.nl
  3. theaterencyclopedie.nl
  4. Academie voor Theater en Dans – Amsterdamse Hogeschool voor de Kunsten
  5. Stevendejongfilms.nl
  6. theaterkrant.nl
  7. Joop (68) en Lourens (26) overbruggen bij Tryater twee generaties, drachtercourant.nl
  8. De leagen fan Wylgeragea: Een open en tolerant Fryslân demoannen.nl
  9. Parsifall De jammerlijke maar onvermijdelijke overwinning van een naïeveling tryater.nl]
  10. Us buorman yn Tallinn noordelijkfilmfestival.nl
  11. filmbieb.nl