Springe nei ynhâld

De Hel van '63

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Hel van '63 Film B.V.)
De Hel van '63
film
(Filmposter yn 'e IMDb)
makkers
regisseur Steven de Jong
produsint Klaas de Jong
Steven de Jong
senario Steven de Jong
Maarten Lebens
Jean Ummels
kamerarezjy François Perrier
muzyk Ronald Schilperoort
filmstudio De Hel van '63 Film B.V.
Nederlânsk Fûns foar de Film
COBO Fûns
Frysk Filmfûns
Bridge Entertainment Group
KRO
distribúsje E1 Entertainment Benelux
spilers
haadrollen Chris Zegers
Cas Jansen
Lourens van den Akker
Chava Voor in 't Holt
voice-over Reinier Paping
byrollen Rense Westra
Chantal Janzen
Dirk Zeelenberg
Cees Geel
Peggy Vrijens
skaaimerken
lân/lannen Nederlân
premiêre 13 desimber 2009
foarm langspylfilm
sjenre histoarysk sportdrama
taal Nederlânsk en Frysk
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget €3.000.000
opbringst €1.771.851

De Hel van '63 is in Nederlansk histoarysk sportdrama út 2009 ûnder rezjy fan Steven de Jong, mei yn 'e haadrollen Chris Zegers, Cas Jansen, Lourens van den Akker en Chava Voor in 't Holt. De film is Nederlânsk- en Frysktalich. De titel betsjut "De Hel fan '63", en ferwiist nei de Tolfde Alvestêdetocht fan 18 jannewaris 1963, dy't ferriden waard ûnder barre winterske waarsomstannichheden. It ferhaal folget fjouwer dielnimmers oan 'e toertocht, dy't nettsjinsteande it oanboazjende waar oant it uterste geane om dochs de einstreek te heljen. Fan 'e filmkritisy krige De Hel van '63 oer it algemien negative oant tuskenbeiden resinsjes. Hoewol't der ûnder it publyk gâns belangstelling foar de film wie, kaam de produksje mei fertoanings yn 'e bioskopen net út 'e kosten.

Op 17 jannewaris 1963, as yn Fryslân in strange winter hearsket, risselwearret it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden û.l.f. foarsitter Ritsma om 'e Tolfde Alvestêdetocht út te skriuwen. De fraach is diskear ris net oft it iis wol tsjûk genôch is, mar oft it winterwaar net te ekstreem is om 10.000 man de fearten en kanalen fan Fryslân op te stjoeren, temear om't de Alvemarretocht koartby om dyselde reden ôflast is. De gearkomste, dy't pleage wurdt troch de opdringerige en arrogante Telegraaf-sjoernalist Jack van Houten, rint út op rûzje tusken bestjoersleden dy't fine dat de Alvestêdetocht tsjin eltse priis trochgean moat, oanfierd troch rayonhaad Kingma, en inkele leden dy't dat ûnferantwurde fine, laat troch rayonhaad Wolf. Under druk set troch de parse en troch kommissaris fan 'e keninginne yn Fryslân Harry Linthorst Homan beslút it bestjoer úteinlik, mei de lytst mooglike mearderheid, om 'e tocht út te skriuwen foar de folgjende dei, 18 jannewaris.

Fanatike reedriders út hiel Nederlân sitte oan 'e radio klústere om te hearren hoe en wat. Sadree't it ferlossende boadskip der is, risselwearje se om ôf te reizgjen nei Ljouwert om har yn te skriuwen en nei in fierhinne sliepeleaze nacht de oare moarns ier oan 'e start te ferskinen. Under harren is liddichgonger Kees Ferwerda, ien fan tolve ambachten en trettjin ûngemakken, dy't troch syn ûnoplettendheid krekt syn trêde baan yn in fearnsjier kwytrekke is. Syn frou Dieuwke, dy't op alle dagen rint, hat har nocht as er har foar de safolste kear bewissiget dat er wol wer in oare baan fine sil. Se giet by him wei en bejout har nei har mem Wil, dêr't se noch dyselde jûns yn 'e weeën rekket. Der wurdt besocht Kees te berikken, mar dy is dan al lang ûnderweis nei Fryslân.

In oaren dy't sljocht nei reedriden is, wachtmaster by de kavalery fan 'e Keninklike Lânmacht Henk Brenninkmeijer, leit op dat stuit yn in fjildbivak by Havelte. Nei't er te neare nacht syn sersjant-majoar Hoeks meldt dat er de Alvestêdetocht ride sil, set er sûnder tastimming ôf, ear't immen him tsjinkeare kin, wat delkomt op desersje. Yn Ljouwert skillet er syn ferloofde Annie op om him yn Drylts op te wachtsjen mei earte. Foar de nacht nei de tocht hat er foar harren beiden in keamer yn in pinsjon yn Ljouwert besprutsen.

Ferpleechster Annemiek is in jier tefoaren har feint Melle kwytrekke, doe't dy by 't winter troch it iis sakke en ferdronk om't er it wjek net wer fine koe. Hja is noch altyd min ofte mear yn rou. Hoewol't Annemiek fan harsels miende dat se folslein takocht wie mei reedriden, merkt se, as de Alvestêdetocht útskreaun wurdt, dochs dat se sin kriget en doch mei. As in kollega har oanmoediget om it Alvestêdekrúske foar Melle te beheljen, dy't sljocht nei reedriden wie en sa'n ûnderskieding bitter graach hawwe woe, jout se ta oan har oanstriid, nimt in dei frij en set ôf nei Ljouwert.

De Fryske boeresoan Sjoerd Leikema mei ek graach reedride, mar hy hat mear as ien reden om oan 'e Alvestêdetocht meidwaan te wollen. Eisinga, syn heite lânhearre, is de deis tefoaren delkommen mei it boadskip dat er de pleats ferkeapje wol. Syn heit Ale biet net ta, mar Sjoerd begûn mei de man te ûnderhanneljen oer de priis en wist dy omleech te krijen fan ƒ60.000 nei ƒ57.500. Eisinga stelde wol it betingst dat er dan binnen 48 oeren berjocht hawwe moast fan in bank of in fermogend persoan dy't foar de oankeap boarchstean woe. Om't er mei syn santjin jier gjin inkele kâns makket op in liening by de bank, hat Sjoerd gjin oare kar as om by syn omkes del om te sjen oft dy foar him boarchstean wolle. Syn heit, dy't om in net ferklearre reden deilis is mei syn sweagers, wol dêr lykwols neat fan witte. Sjoerd set lykwols syn sin troch en is fan doel en gean by beide beide omkes oan, mei't se beiden oan 'e Alvestêderûte wenje. As syn heit him de redens ôfpakt, set er sûnder ôf nei Ljouwert.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Moarnsier op 18 jannewaris giet yn Ljouwert de toertocht fan start. Kees en Henk, dy't inoar troffen hawwe by de ynskriuwing, beslute om 'e tocht tegearre te riden. Sjoerd blykt mei syn santjin jier te jong te wêzen, mei't achttjin de minimumleeftyd is. Nettsjinsteande dat set er dochs ôf, sûnder stimpelkaart en op redens liend fan in wedstrydrider dy't ûnderweis fan 'e start nei it iis yn it gedrang syn skonk brutsen hat. Al rillegau treft er Annemiek, ta wa't er him oanlutsen fielt. Tegearre ride se fierder.

Yn Snits seit Sjoerd dat er syn stimpelkaart kwyrekke is en bepraat er de man yn stimpelpost om it stimpel mar op syn earm te setten. Koart nei Snits wykt er fan 'e rûte ôf om syn omke Bauke te besykjen, mar dy kin him net helpe mei in boarchtocht, om't er twa jonge soannen hat foar wa't er yn 'e takomst boarchstean moat. Neitiid klaut Sjoerd bot oan om Annemiek wer yn te heljen.

Underwilens wurdt Henk socht troch sersjant-majoar Hoeks, dy't de maresjesee by him hat om 'e deserteur yn te rekkenjen. Hoewol't Annie yn Drylts klearstiet mei in panfol earte, kin Henk dêr net fan ite om't er Hoeks efter har stean sjocht. Hy riidt dus op 'e lege mage fierder en kriget by it stik oer de Iselmar, fan Starum nei Hylpen, lêst fan 'e hongerklop, wat ta in lulke konfrontaasje mei Kees liedt as dy tsjinkeare wol dat Henk snie yt. Annie kriget in lift fan Hoeks yn syn Jeep, hoewol't se op dat stuit faninoar net witte wa't se binne. Troch Annie har praat kriget de sersjant-majoar lykwols foar it ferstân wa't har ferloofde is, dat hy beslút har yn 'e rekken te hâlden, mei't er dan úteinlik perfoarst Henk weromfine sil. Yn Warkum set er in mûklaach op, mar troch yngripen fan Kees wit Henk te ûntkommen.

De ûnlijige gearkomsten fan it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden hâlde ûnderwilens oan. Kommissaris fan 'e keninginne Linthorst Homan skillet op mei it boadskip dat keninginne Juliana mei in helikopter nei Ljouwert komt om 'e winner fan 'e wedstryd oer einstreek kommen te sjen. Foarsitter Ritsma beseft dat der by de Bonkefeart gjin romte is foar in helikopter om te lânjen, en lit halje-trawalje de finish ferpleatse nei de Grutte Wielen, ta argewaasje fan Wolf. As de keninginne dêr arrivearret en in entûsjaste kloft reedrydfanaten op 'e helikopter ta draaft, stelt Ritsma ta syn skrik fêst dat it iis begjint te skuorren, sadat de mannichte gau-gau fan it iis ôf bonsjoerd wurde moat. Reinier Paping út Ommen komt as earste oer de einstreek. Letter is de waarsfoarsizzing dat der in snijende noardeastewyn opstekke sil dy't in protte snie bringt. Wolf is foar it fuortendaliks stillizzen fan 'e toertocht, mar Kingma-en-dy binne dêr fel op tsjin. Ek sjoernalist Van Houten bemuoit him wer op tige yrritante wize mei de diskusje. Nei ryp beried beslút it bestjoer dat fan no ôf oan by Frjentsjer alle toertochtriders tsjinholden wurde sille, mei't dy no dochs gjin kâns mear meitsje om foar midsnacht (de eintiid) oer de finish te kommen.

Under dejingen dy't by Frjentsjer ûnder twang fan it iis helle wurde, binne Kees, Henk, Sjoerd en Annemiek, dy't sûnt Warkum mei-inoar opride. Sjoerd pykt út om syn omke Olbe te besykjen, dy't yn 'e stêd wennet. Dyselde fertelt him dat er syn heit altyd mar in pierewaaier fûn hat, net ien foar wa't je mei in gerêst hert boarchstean kinne. Hy wol fan Sjoerd bewiis hawwe dat hy út oar hout snien is en in trochsetter is. Sjoerd antwurdet dat er de Alvestêdetocht útride sil en omke Olbe moarn syn Alvestêdekrúske bringe sil. Sa prate se ôf: as Sjoerd mei it krúske komt, stiet Olbe boarch foar de oankeap fan 'e pleats; sa net, dan net. Sjoerd riidt dus wer fierder by almar oanboazjend waar, en fynt by Bartlehiem wer oansluting by Kees, Henk en Annemiek, dy't tanksij in mûklist fan Annemiek út Frjentsjer ûntsnapt binne.

Ritsma en it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden beslute no ek Dokkum ticht te goaien en de toerriders dy't dêr noch trochkomme, tsjin te hâlden. Yn Dokkum sjogge Kees, Henk, Sjoerd en Annemiek ferskûle efter in ynferzen boat hoe't oare toerriders ûnder twang fan it iis ôf skuord wurde. Kees is snieblyn rekke en sjocht amper noch wat. Annemiek jout Sjoerd har stimpelkaart oer en lokket dan de keardels dy't klear steane om toerriders op te heinen efter har oan. Sa kinne Henk en Sjoerd de stimpelpost berikke, dêr't se eigenhandich de stimpelkaarten fan harrensels en Kees ôfstimpelje, om dêrnei út te piken. De frijwol bline Kees moat neitiid troch de oaren laat wurde. Op in stuit reitsje se de rûte kwyt en bedarje se op 'e rúchskerne fan in boer, Bouwstra. Dy hellet de trije mannen yn 'e hûs foar wat te iten en eachdrippen foar Kees, dêr't syn eagen wer aardich fan opknappe.

In ein Bartlehiem foarby sjogge de trije riders lampen oan 'e rûte. Se ferwachtsje de finish, mar it is in kafee oan it wetter. As se der dêr yn geane om te freegjen hoefier't it noch is, krije se te hearren dat eefkes fierderop eltsenien dy't no noch trochkomt, fan it iis helle wurdt. In kafeebesiker biedt harren oan om har yn 'e auto foarby dat punt te riden, en dat oanbod nimme se oan. It stikje is mar in foege hûndert meter, mar Henk stiet derop dat se no straks nei de einstreek noch hûndert meter trochride sille om dit wer goed te meitsjen. Uteinlik komme de trije mannen krekt foar midsnacht as lêsten oer de finish. Hja binne de lêste trije fan 'e 69 toertochtriders (fan yn totaal 9.294 dy't start wiene), dy't de tocht útride. Se wurde opwachte troch Ritsma, dy't ferbaldere tasjocht as er foarbyriden wurdt. Ek Annemiek is dêr, dy't mei Sjoerd in skrutene tút útwikselet. Sersjant-majoar Hoeks kriget Henk einlings en te'n lêsten te pakken, mar hy fertelt him dat syn prestaasje wat is dêr't de hiele lânmacht grutsk op wêze kin en lit him gean.

Dy jûns jout Henk him by Annie om yn in pensjon yn Ljouwert de leafde te bedriuwen foar't er de oare deis nei syn kazerne weromkeart. Kees reizget werom nei hûs, dêr't er syn frou Dieuwke yn it sikehûs opsiket, dy't befallen is (fia in keizersneed) fan in poppe, dy't se Reinier neame wol (nei Reinier Paping). Hja hat Kees dy deis op 'e tillefyzje sjoen en is grutsk dat er de tocht útriden hat. As er ûnthjit dat er fan no ôf oan syn ferplichtings as man en heit serieus nimme sil, ferjout se him syn eardere misstappen en fermoedsoenje se har mei-inoar. Sjoerd stiet de oare moarns by omke Olbe yn Frjentsjer foar de doar mei it Alvestêdekrúske yn 'e hân.

Chris Zegers.
Chantal Janzen.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Kees Ferwerda Chris Zegers
Henk Brenninkmeijer Cas Jansen
Sjoerd Leikema Lourens van den Akker
Annemiek Chava Voor in 't Holt


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ritsma, foarsitter fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden¹ Rense Westra
Dieuwke Ferwerda Chantal Janzen
sjoernalist Jack van Houten Dirk Zeelenberg
sersjant-majoar Hoeks Cees Geel
fotografe Joke Peggy Vrijens
rayonhaad Wolf Joop Wittermans
rayonhaad Kingma Hilbert Dijkstra
Harry Linthorst Homan, kommissaris fan 'e keninginne yn Fryslân Pierre Bokma
Wil, mem fan Dieuwke Willeke van Ammelrooy
Annie Lottie Hellingman
soldaat Edwin Dennis Overeem
rayonhaad Atema Wimpy de Vries
rayonhaad Zwierstra Popke van der Zee
lânhearre Eisinga Peter Tuinman
Ale Leikema, heit fan Sjoerd Steven de Jong
Melle Tim Douwsma
omke Olbe Thijs Feenstra
boer Bouwstra Jan Arendz
frou Bouwstra Fetje van der Wal
boer Jansma André de Zee
Mart Matteo van der Grijn
boer Jan Arjen van der Grijn
Erik Herman Otten
stimpelder yn stimpelpost Snits Wiebe Wieling (cameo)
man by stimpelpost Dokkum Henk Westbroek (cameo)
reedrider yn Hylpen #1 Henk Gemser (cameo)
reedrider yn Hylpen #2 Henk Angenent (cameo)
reedrider yn Hylpen #3 Bob de Jong (cameo)
radioferslachjouwer RONO Eelke Lok (cameo)
ferslachjouwer op 'e tillefyzje Edwin Evers (cameo)
waarman op 'e tillefyzje Jan Douwe Kroeske (cameo)
poppe Ferwerda Safier van der Valk
voice-over begjin film Reinier Paping

¹) basearre op Jan Hoogland

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hel van '63 waard regissearre troch Steven de Jong nei in senario fan himsels, Maarten Lebens en Jean Ummels. Utgongsposysje fan 'e film is de Tolfde Alvestêdetocht fan jannewaris 1963, dy't letter wol "de Hel fan '63" neamd waard om't er ferriden waard by slimme kjeld en sok min winterwaar dat fan krapoan 10.000 riders (fan 'e toertocht èn de wedstryd) mar 126 de einstreek berikten. Gjin inkele frou kaam oan yn Ljouwert, mar Meike de Vlas wist it fierst te kommen, oant by Froubuorstermole, deunby Bartlehiem. Mooglik dat De Vlas alteast foar in part model stien hat foar it personaazje fan Annemiek. By it skriuwen fan it skript waard earst in ferhaal om Reinier Paping, de winner fan 'e wedstryd, hinne betocht, mar om it ferhaal wat universeler te meitsjen, waard letter foar in oare ynfalshoek keazen.

As produsinten wiene Steven de Jong en Klaas de Jong by it projekt belutsen dêr't se de filmstudio De Hel van '63 Film B.V. foar oprjochten. De rjochten fan dat bedriuw giene letter oer op it yn 2010 oprjochte Farmhouse TV & Film fan Klaas de Jong. Finansiering fan De Hel van '63 kaam fan it Nederlânsk Fûns foar de Film, it COBO Fûns en it Frysk Filmfûns. Ek de Bridge Entertainment Group en de KRO wurken oan 'e produksje mei. Foar de film wie in budget beskikber fan likernôch 3 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan François Perrier, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ronald Schilperoort. De titelsong De Hel Foarby, dy't ûnder de ôftiteling te hearren is, waard skreaun en útfierd troch de Fryske band De Kast.

De Hel van '63 waard heal yn it Nederlânsk en heal yn it Frysk opnommen. Foar de film waarden opnamen dien yn Finlân (by Kemi yn Laplân), Litouwen en Letlân, mar ek yn it Nederlânske Biddinghuzen en yn 'e Fryske stêden Ljouwert, Snits, Sleat, Hylpen, Harns en Dokkum. Op 22 febrewaris 2009 waard der filme yn Harns. Op 28 maart 2009 waard de stêd Snits foar in part ôfsletten foar de opnamen fan De Hel van '63. Dêrby waarden likernôch 800 figuranten ynset. De Wetterpoarte waard ek ôfsletten en de oanwêzige minsken moasten sa folle mooglik yn klean fan 'e iere 1960-er jierren komme.

De distribúsje fan De Hel van '63 waard fersoarge troch E1 Entertainment Benelux. De film gie op 13 desimber 2009 yn it WTC Expo yn Ljouwert yn premiêre, en iepene dêrnei op 17 desimber yn 'e Nederlânske bioskopen. De titelsong De Hel Foarby, fan De Kast, waard op 11 desimber as single útbrocht. De Hel van '63 waard op 1 febrewaris 2012 foar it earst op 'e Nederlânske tillefyzje útstjoerd troch de KRO.

Fan 'e filmkritisy krige De Hel van '63 negative oant tuskenbeiden resinsjes. Neffens Het Parool wie it swakste punt fan 'e film it senario, dat akteurs as Cees Geel (sersjant-majoar Hoeks), Dirk Zeelenberg (sjoernalist Jack van Houten), Chantal Janzen (Dieuwke Ferwerda) en Chris Zegers (Kees Ferwerda) "wrakselje liet" mei "ûnbidige klisjees". It sterkste punt fan 'e film wie neffens deselde resinsje "de rekonstruksje fan 'e tocht, wêrby't handich bylden út 'e kompjûter gearfoege binne mei [doetiidske] opnamen út it noarden."[1] De VPRO-Gids beskreau De Hel van '63 as in "melodrama om gewoane minsken hinne […] dy't útgroeie ta nasjonale helden", mar fûn dat de film in "matich senario" hie. Pluspunten wiene "moai argyfmateriaal" en in "nijsgjirrige blik op 'e eigenaardige kultuer fan it Alvestêdebestjoer".[2]

De webside FilmTotaal omskreau De Hel van '63 as in "matige ferfilming fan 'e helske Alvestêdetocht fan 1963", dy't "datearre en knoffelich oerkomt, nettsjinsteande de goede bedoelings fan 'e makkers." Dat waard neffens dizze resinsje benammen feroarsake troch "houterige dialogen, min aktearwurk [en] gebrek oan subtiliteit". Dêr stie foaroer dat geandewei de film "de houterichheid wat sjarmants begjint te krijen". Dêrtroch waard De Hel van '63 "in sympatike, hast oandwaanlike film".[3] Minder myld wie de resinsje op CineMagazine, dêr't yn steld waard dat De Hel van '63 "net de film wurden is dy't er wêze kinnen hie." De resinsje omskreau de film as "in belegere reedryddrama" dat inkeld foar "ferstokte nostalgisy" oantreklik wie. Konkludearjend: "Dat de film ûndergiet oan syn eigen ûnbeholpenheid is dan spitich."[4]

Yn in resinsje yn 'e Ljouwerter Krante murk Asing Walthaus op dat regisseur Steven de Jong mei de histoaryske (en geografyske) korrektheid hjir en dêr in loopke naam, "dus kinne se it yn 'e film oer 'de dea of de gladioalen' en 'hongerklop' hawwe, útdrukkings út it hurdfytsen út 'e jierren njoggentich, binne der bjirkebosken yn noardlik Fryslân en hjitte alderlei personaazjes oars as harren histoaryske foarbylden." Dêr heakke er oan ta: "Mar dat mei, yn in film." Wêr't er lykwols argewaasje fan hie, wie dat De Jong der "in jongesboek" fan makke hie, "fol prikkels, aventoer en iendiminsjonale figueren." Dêrmei wie soks ferhevens as de Alvestêdetocht yn De Hel van '63 inkeld brûkt as eftergrûn foar wat neffens Walthaus neat oars wie as "in ambisjeuze soap on ice".[5]

De Hel van '63 loek yn 'e bioskopen binnen tsien dagen mear as 100.000 besikers, wêrnei't regisseur Steven de Jong op 28 desimber 2009 in Gouden Filmtrofee útrikt krige. Uteinlik behelle de film yn 'e bioskopen in opbringst fan 1.771.851. Ofset tsjin it budget fan sa'n €3 miljoen betsjut dat in ferlies fan €1,2 miljoen, dêr de marketingkosten noch by kamen. Dat moast letter goedmakke wurde troch ferkeap fan útstjoerrjochten op 'e tillefyzje en fia video-on-demand oer it ynternet.

Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bagdad wûn De Hel van '63 yn 2011 de priis foar bêste artdirection.

Yn 'e film wurdt it wurd 'helikopter' konsekwint, en sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk, útsprutsen as "helikoptêr", mei de klam op it lêste, útrutsen wurdlid. Yn moderne earen klinkt dat apart, mar it skynt yndie de doedestiden gongbere útspraak west te hawwen.

Njonken de film is der ek in roman oer de Tolfde Alvestêdetocht útjûn dy’t deselde plot hat as de film. It boek is skreaun troch Dick van den Heuvel.

  • Heuvel, Dick van den, De Hel van '63: Ontbering, Wilskracht en Liefde, Amersfoart, 2009 (Utjouwerij De Vuurbaak), ISBN 978-9 05 80 40 473.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Moorman, Mark, De Hel van '63, yn: Het Parool, 16 desimber 2009.
  2. ——, De Hel van '63, yn: de VPRO-Gids, sûnder datum.
  3. Avsaroğlu, Arsan, De Hel van '63, op FilmTotaal.nl, 16 desimber 2009.
  4. Wouters, Henny, De Hel van '63 (2009), op CineMagazine.nl, sûnder datum.
  5. Walthaus, Asing, Elfstedentocht: Een Soap on Ice, yn: de Ljouwerter Krante, 11 desimber 2009, s. 13.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.