Nederlân
Keninkryk fan de Nederlannen Koninkrijk der Nederlanden | |
Biedwurd: Je maintiendrai "Ik sil hânhave" | |
Folksliet: Wilhelmus | |
Haadstêd | Amsterdam |
Offisjele taal | Nederlânsk |
Offisjele minderheidstaal | Frysk1 |
Ingelsk2 | |
Papiamintsk2 | |
Steatsfoarm | Konstitúsjonele monargy |
- steatshaad | Kening Willem-Alexander |
- regearlieder | Dick Schoof |
Unôfhinklikheid | 1581 |
Oerflak | 41.543 km² |
- lân | 33.895 km² |
- wetter | 7.648 km² |
Ynwennertal | 17.850.301 [1] (maaie 2023) |
Befolkingstichtens | 430 ynwenners/km² |
Muntienheid | Euro (EUR) |
Tiidsône | MET (UTC+1) |
- simmertiid | MEST (UTC+2) |
Nasjonale feestdei | 27 april (Keningsdei) |
5 maaie (Befrijingsdei) | |
Ynternetdomein | .nl |
Telefoan | +31 |
ISO 3166 | NL, NLD, 528[2] |
1. Yn Fryslân hat it Frysk de status fan offisjele taal, lykas it Nederlânsk. | |
2. Op Bonêre, Sint-Eustasius en Saba binne benjonken it Nederlânsk ek it Papiamintsk en it Ingelsk offisjele talen. |
Nederlân (Nederland) is in lân yn Jeropa, mei 17.850.000 ynwenners yn 2023, en mei in oerflak fan 41.543 km² (wêrfan 7.648 km² wetter). De haadstêd is Amsterdam en de kening fan de monargy is sûnt 2013 kening Willem-Alexander.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Nederlân.
Yn de prehistoarje hawwe der sûnt de Iistiid al jagers libbe yn de hegere gebieten fan it lân. Yn de lêste milenniums foar Kristus kaam dêr lânbou by. De histoarje begjint foar Nederlân mei de Romeinen dy't benammen besuden de Ryn taholden. Yn harren tiid waarden de earste stêden stifte. De Romeinen rommen it om 400 hinne it fjild foar de Franken en Friezen dy't mekoar de hearskippij bestriden hawwe oer it midden fan Nederlân. Om 800 hinne behearsket Karel de Grutte mei grutte parten fan Jeropa ek hiel Nederlân. In ryk fan de Franken waard troch erfopfolging slit; ien fan de gefolgen dêrfan wie dat men yn Nederlân gjin ferwar hie tsjin oanfallen fan de Wytsingen.
Nei 1000 kaam in ein oan dy ynfallen, en gie it yn West-Jeropa sa bêst dat de lokale hearren harren gebiet begûnen út te wreidzjen. Dit late yn de 14e iuw ta de partijtiid, dy't úteinliks troch de Habsburgers einige waard. Sy makken de Nederlannen ta in ienheid, dêr't fan 1568 ôf, it noardlike part him ûnôfhinklik fan makke. Dizze Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen bestie oant de Frânske tiid, doe't it lân yn fazen part fan it Frânske Keizerryk waard.
Nei de Frânske tiid waard yn 1814 Nederlân in keninkryk, earst mei ek de súdlike Nederlannen derby, en mei Lúksemboarch yn in personele uny, mar úteinlik mei ûngefear de hjoeddeiske grinzen. Yn de Earste Wrâldkriich wie Nederlân neutraal, mar troch de oarloch wie de see net feilich, en de hannel en it iten rûnen tebek. Nei de oarloch gie it gau better, oant de Krisisjierren. Hjirnei kaam, tagelyk mei it opbetterjen, yn Jeropa it faksisme, wat late ta de Twadde Wrâldkriich. Yn 1940 waard Nederlân ynnaam troch Dútslân, en earst yn 1945 wer befrijd.
Troch de Dútske ynfal yn Nederlân waard dúdlik dat de Nederlânske neutraliteit by ynternasjonale konflikten net altyd feilich te stellen wie. It neutraliteitstinken ferdwûn nei de Twadde Wrâldkriich en Nederlân slute him oan by de NAFO. Yn 1951 rjochte Nederlân mei Dútslân, Frankryk, Belgje, Lúksemboarch en Itaalje de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel op (foarrinner fan de Europeeske Uny. Yn 1944 waard de Benelúks oprjochte, dy't sûnt 1960 de status fan in ekonomyske uny hat.
Maatskiplik feroare yn de sechtiger jierren gâns. De ferpyldering waard fuort nei de oarloch al minder fanselssprekkend. De ledetallen en de ynfloed fan de tsjerke waarden lytser. Troch de massamedia koenen de minsken ienfâldiger te witten komme hoe't minsken yn oare pylders libben en tochten. Mei troch de massamedia en de oangeande demokratisearring waarden de minsken hieltyd selsstanniger en fielden net mear de needsaak om de foarskriften út de eigen pylder te folgjen.
Histoaryske steatsfoarmen fan Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1581 – 1795: Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen
- 1795 – 1801: Bataafske Republyk
- 1801 – 1806: Bataafsk Mienebêst
- 1806 – 1810: Keninkryk Hollân
- 1810 – 1813: ûnderdiel fan it Keizerryk Frankryk
- 1813 – 1815: Soeverein Foarstedom fan de Feriene Nederlannen
- 1815 – 1839: Feriene Keninkryk fan de Nederlannen
- 1839 – hjoed: Keninkryk fan de Nederlannen
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nederlân leit yn it noardwesten fan Jeropa en wurdt begrinzge troch de Noardsee yn it westen en noarden, Dútslân yn it easten, en Belgje yn it suden. De lângrinzen binne yn totaal 1027 km lang, de kust hat in langte fan 451 km. Yn it Karibysk gebiet lizze noch trije eilannen dy't ûnderdiel binne fan Nederlân.
Hichte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nederlân is foarme as in rivierdelta, dy't it heechst is yn it súdeasten, en nei alle kanten omleech rint. It heechste punt fan de Nederlân is de Mount Scenery mei 877 meter, it heechste punt fan de 12 provinsjes is de Faalserberch mei 322 meter. It djipste punt leit yn de Súdplaspolder yn de gemeente Nijtsjerk oan de Isel, mei 6,76 meter ûnder Amsterdamsk peil.
Grutte parten fan it lân binne ferlern oan en weromwûn op de see. De helte fan it lân is dan ek net heger as in meter boppe seenivo, en in fearn fan it lân leit sels ûnder seenivo. Dat betsjut dat sûnder diken in fearn fan it lân normaal ûnder wetter stean soe, en mear as de helte by elts heech wetter oerspield wurde soe. Ien fan de Nederlânske provinsjes, Flevolân bestiet hielendal út polders, en leit kompleet ûnder seenivo. Utsein Limboarch hawwe alle oare provinsjes ek lytsere as gruttere stikken lân dy't ûnder seenivo lizze.
Eilannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutte parten fan Nederlân kinne sjoen wurde as eilannen, om't rivieren en fearten der oan alle kanten omhinne rinne. Ek hawwe der tiden west dêr't de see fierder ynkrongen wie en der dêrmei ek mear eilannen yn Nederlân wienen, dy't no wer lânfêst binne. Lykwols hat Nederlân ek no noch sân eilannen yn see: de waadeilannen Teksel, Flylân, Skylge, It Gryn, It Amelân, Skiermûntseach en Rottum.
Yn it súdwesten fan it lân binne de measte grutte eilannen no troch damen ferbûn, mar se wurde al noch as eilannen sjoen: Goeree-Oerflakkee, Skouwen-Duvelân, Noard-Bevelân, Súd-Bevelân en Walcheren. Tusken dizze grutte eilannen lizze lykwols ek noch in protte lytsere, net oandamme eilannen.
Yn de Markermar kinne de eilannen Pampus en Marken neamd wurde. Yn oare marren en op de rivieren is noch in grut tal oare eilannen te finen.
Sûnt 10 oktober 2010 hat Nederlân trije bysûndere gemeenten yn it Karibysk gebiet derby krigen dy't dêrfoar ûnderdiel wienen fan it Keninkryk fan de Nederlannen. Dy trije gemeenten binne de eilannen Bonêre, Sint Eustaasjes und Saba.
Rivieren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trije Jeropeeske rivieren komme út it suden nei Nederlân, en rinne dêr nei it westen nei de Noardsee: de Ryn, de Maas en de Skelde. Nei alle gedachten is dizze rjochtingsferoaring ta stân kaam troch it iis dat ûnder de lêste iistiid healwei oer Nederlân lei. De Ryn en de Maas hawwe de râne fan it iis bylâns in mienskiplike delta foarme, mei de Waal/Merwede as de haadstream yn it midden. De Isel, in sydearm fan de Ryn dy't nei it noarden rint, is mooglik de rin fan de Ryn fan foar de iistiid.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nederlân hat ûnder ynfloed fan de Noardsee in myld seeklimaat. Yn de simmer binne de temperatueren oan 'e kust in bytsje kâlder as yn it binnenlân, yn de winter lizze de temperatueren oan 'e kust justjes heger. It klimaat wurdt beynfloede troch de Midden-Europeeske westewyn.
Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen falt Nederlân yn de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat).[3]
De trochsnee deitemperatuer yn july hinget om de 16 °C. De trochsnee deitemperatuer yn jannewaris is om-ende-by de 3 °C. De kust hat de measte sinne, mei op sommige plakken sa'n 1600 oeren per jier. De Achterhoeke hat de minste sinne, mei sa'n 1450 oeren yn 't jier. De trochsnee reinfal beslacht sa'n 832,5 mm yn 't jier. De measte rein falt yn ‘e neisimmer en it begjin fan de hjerst, yn de winter falt it minste reinwetter.
Moanne | Jan | Feb | Maart | Apr | Maaie | Jun | Jul | Aug | Sep | Okt | Nov | Des | Yn 't jier |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Heechste temp. ea metten °C | 17,2 | 20,4 | 25,6 | 32,2 | 35,6 | 38,4 | 37,1 | 38,6 | 35,2 | 30,1 | 21,1 | 17,8 | |
Maks. trochsneed temp. °C | 5,6 | 6,4 | 10,0 | 14,0 | 18,0 | 20,4 | 22,8 | 22,6 | 19,1 | 14,6 | 9,6 | 6,1 | |
Min. trochsneed temp. °C | 0,3 | 0,2 | 2,3 | 4,1 | 7,8 | 10,5 | 12,8 | 12,3 | 9,9 | 6,9 | 3,6 | 1,0 | |
Leechste temp. ea metten °C | -27,4 | -26,8 | -20,7 | -9,4 | -5,4 | -1,2 | 0,7 | 1,3 | -3,7 | -8,5 | -14,4 | -22,3 | |
Reinfal yn mm | 69,9 | 55,8 | 66,8 | 42,3 | 61,9 | 65,6 | 81,1 | 72,9 | 78,1 | 82,8 | 79,8 | 75,8 |
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nederlân hat 17.591.000 ynwenners (2022). Ferlike mei de rest fan Europa is de Nederlânske befolking de lêste oardel iuw relatyf fluch groeid: 3 miljoen yn 1850, 5 miljoen yn 1900, 10 miljoen yn 1950, en 16 miljoen yn it jier 2000 . Ferliking: de Belgyske befolking groeide fan oardel kear sa grut as Nederlân (4,5 miljoen yn 1850) nei rom in tredde lytser (10 miljoen yn 2000). It Sintraal Buro foar de Statistyk ferwachte dat de befolking sil tanimme sil nei in maksimum fan 17,5 miljoen yn 2038, en dat dêrnei it ynwennertal lytser wurde sil.
Mei in befolkingstichtens fan 519 ynwenners/km² (lân, 2022) heart Nederlân by de 30 tichstbefolkste lannen fan de wrâld. Nederlân hat gjin in stêd mei mear as in miljoen ynwenners; wol binne krapoan 30 gemeenten dy't mear as 100.000 ynwenners hawwe. De fjouwer grutste stêden binne Amsterdam, Rotterdam, De Haach en Utrecht, dy't alle fjouwer yn it westen fan it lân lizze. De stêdekloft dêr't dy fjouwer stêden ûnderdiel fan binne wurdt de Rânestêd neamd, dêr't sa'n 40 % fan de hiele Nederlânske befolking wennet.
Súd-Hollân is mei mear as trije en in heal miljoen ynwenners de provinsje mei de measte ynwenners, dêrnei komme Noard-Hollân en Noard-Brabân (beide mear as twa miljoen). Yn de lêstneamde provinsje foarmje de fiif stêden fan BrabantStad in oare belangrike stedsregio dy't goed is foar 20 % fan de yndustriële produksje fan Nederlân. Yn it easten binne Arnhim-Nymwegen en Twentestad twa lytsere agglomeraasjes, yn it súdeasten leit de stedsregio Súd-Limburch mei de stêden Maastricht, Sittard, Geleen, Heerlen en Kerkrade. Dêrneist binne der ferskate stêden dy't op regionaal nivo in wichtige funksje hawwe, lykas Grins en Ljouwert yn it noarden en Maastricht yn it suden. Yn totaal wennet 82 % fan de Nederlanners yn in stedsgebiet.
Nederlân hat troch de iuwwen hinne in aardich wat ymmigraasje hân. Neffens de sifers fan it CBS fan 1 jannewaris 2005 is 80,9 fan% de befolking Nederlânsk, 2,4 Yndonesysk, 2,4 Dútsk, 2,2 Turksk, 2,0 Surinaamsk, 1,9 Marokkaansk, 0,8 Antilliaansk en Arubaans en 6,0 % oars. Yn it tiidrek 1845-1860 en de earste 20 jier nei 1945 binne ek relatyf grutte oantallen Nederlanners emigrearre, benammen nei de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Súd-afrika en Nij-seelân.
Sûnt 2005 binne de Friezen erkend as nasjonale minderheid ûnder it Ramtferdrach oangeande de Beskerming fan Nasjonale Minderheden.
De offisjele lânstaal is it Nederlânsk. Regionaal binne it Frysk, Ingelsk en Papiamintsk amtlike talen. It Frysk is yn de provinsje Fryslân in offisjele taal. Op it eilân Bonêre is it Papiamintsk in offisjele taal, en op de eilannen Saba en Sint Eastatius is it Ingelsk in offisjele taal. De offisjele talen wurde regionaal brûkt yn it iepenbier bestjoer, en as fiertaal op ferskate skoallen.
Yn it jier 2008 wie 42 persint fan de Nederlânske befolking net leauwich. Fan de minsken dy't wol leauwich binne wie 29 persint katolyk, 9 persint herfoarme, 6 persint protestantsk en 4 persint reformearre. Sa'n 4 persint fan de befolking is moslim, it boedisme wurdt troch krapoan 1 persint fan de befolking oanhongen. It hindoeïsme is justsjes lytser as it boedisme, en it tal leauwigen dat ûnder it joadendom falt is minder as in heale persint.
Grutste stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutste stêden fan Nederlân | ||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Amsterdam Rotterdam |
Plak | Stêd | Provinsje | Ynwennertal | De Haach Utert | |||||
1 | Amsterdam | Noard-Hollân | 905.000 | |||||||
2 | Rotterdam | Súd-Hollân | 652.000 | |||||||
3 | De Haach | Súd-Hollân | 548.000 | |||||||
4 | Utert | Utert | 359.000 | |||||||
5 | Eindhoven | Noard-Brabân | 236.000 | |||||||
7 | Grins | Grinslân | 233.000 | |||||||
6 | Tilburch | Noard-Brabân | 222.000 | |||||||
8 | Almeare | Flevolân | 215.000 | |||||||
9 | Breda | Noard-Brabân | 184.000 | |||||||
10 | Nymwegen | Gelderlân | 177.000 | |||||||
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Polityk yn Nederlân.
It Nederlânske parlemint, de wetjouwende macht, is part oer twa keamers, de Earste Keamer (75 sitten) en de Twadde Keamer (150 sitten). De steatsfoarm is in konstitúsjonele monargy mei in parlemintêre demokrasy. Alhoewol't de haadstêd Amsterdam is, hat De Haach de funksje fan regearingsstêd. De útfierende macht is yn hannen fan de kening en it kabinet (sûnt 2024 it kabinet-Schoof). De rjochterlike macht is yn hannen fan de rjochters en offisieren fan jústysje.
Partijen yn de Twadde Keamer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De neikommende politike partijen binne sûnt de ferkiezings fan 2023 yn de Twadde Keamer fertsjinwurdige:
37 | 25 | 24 | 20 | 9 | 7 | 5 | 5 | 3 | 3 | 3 | 3 | 3 | 2 | 1 |
PVV | GL-PvdA | VVD | NSC | D66 | BBB | CDA | SP | DENK | PvdD | FVD | SGP | CU | Volt | JA21 |
Ynternasjonale gearwurking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nederlân is in oprjochtingslid fan de Benelúks (1944), de Feriene Naasjes (1945), de Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957).
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste laach fan bestjoer is it parlemint yn De Haach. It twadde bestjoerlike nivo leit by de provinsjes:
- Fryslân - Ljouwert
- Grinslân - Grins
- Drinte - Assen
- Oerisel - Swol
- Gelderlân - Arnhim
- Utert - Utert
- Flevolân - Lelystêd
- Noard-Hollân - Haarlim
- Súd-Hollân - De Haach
- Seelân - Middelburch
- Noard-Brabân - De Bosk
- Limburch - Maastricht
- De Wikipedy hat ek in side Provinsjes fan Nederlân.
De tredde bestjoerslaach is de gemeente, der binne meiïnoar 342 gemeenten (2024). It tal gemeenten feroaret lykwols hurd troch gemeentlike weryndielings.
- De Wikipedy hat ek in side List fan Nederlânske gemeenten.
Militêr
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Struktuer
De Nederlânske definsje hat in lânmacht, loftmacht, marine en marresjausse.
- Mankracht
Yn 2008 wienen der 3.950.825 Nederlânske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 3.233.773 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 105.735.
- Budzjet
Militêr budzjet $9,4 miljard (2004).
Persintaazje fan it BYP 1,6 % (2004).
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fuotbal is de meast populêre sport yn Nederlân. De KNFB is de organisaasje dy’t yn Nederlân de fuotbalkompetysjes en -eveneminten organisearret. In oare populêre sport is it reedriden mei eveneminten lykas de Alvestêdetocht. De oarsprong fan it kuorbal leit yn Nederlân, krekt as de Fryske sporten fierljeppen en keatsen. Yn 1900 die Nederlân foar it earst mei oan de Olympyske Spullen.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nederlânske oersetting fan de bibel wie yn 1637 klear. Yn de tiid fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wie Joost van den Vondel de meast ferneamde dichter fan de Nederlânske taal. De trije belangrykste skriuwers foar de Nederlânske literatuer yn de twadde helte fan de 20e iuw wienen Harry Mulisch, Willem Frederik Hermans und Gerard Reve.
Gysbert Japiks hat foar de Fryske renêssânse tige wichtich west. Yn de 19e iuw waard de Fryske literatuer beskieden troch de bruorren Halbertsma. De Fryske bibeloersetting (âlde en nije testamint) wie yn 1943 klear. Rink van der Velde is ien fan de bêst ferkeapjende skriuwers fan de 20e iuw.
Ekonomy & ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]BYP per persoan is $39.000 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3% lânbou, 21% yndustry en 76% tsjinsten.
Transport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wichtichste havens binne Amsterdam, IJmuiden, Rotterdam, Terneuzen, Flissingen, Harns en Delfsyl. Amsterdam (Schiphol) hat it grutste fleanfjild fan Nederlân, oare grutte fleanfjilden binne dy fan Grins (Eelde), Eindhoven, Rotterdam en Maastrich (Maastricht-Aachen Airport). De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.
Nederlân hat (2006):
134.981 km ferhurde dyk.
2.797 km spoardyk.
6.211 km farwetter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Provinsjes fan Nederlân | ||
---|---|---|
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert | ||
· · |
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Reünion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |