De Kast

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Kast
Ic queue music 48px.svg band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
sjongtaal Frysk, Nederlânsk
sjenre populêr
bestean 19962004; 2009 - no
prizen Fryske Poppriis
âld-leden Syb van der Ploeg
leden
Kees Bode
Nico Outhuijse
Sytse Broersma
Peter van der Ploeg

De Kast wie in Fryske band dy't foaral Nederlânsktalige popmuzyk makke. Harren grutste sukses wie lykwols yn 1997 doe't se bekend waarden mei it Frysktalige nûmer In nije dei. Dit nûmer wie filmmuzyk út de Frysktalige spylfilm De Gouden Swipe. Yn itselde jier wûn De Kast ek de Fryske Poppriis. Yn 1998 wûnen se de Edison foar de bêste Nederlânske groep.

Alde Kast[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kast kaam yn 1992 fuort út de eardere groep Wish to Escape.

Oarspronkelike besetting:

Op 21 desimber 2002 joech De Kast it lêste konsert yn de âlde besetting yn de Amsterdam ArenA. Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse giene hjirnei fierder mei in nije Ingelsktalige rockgroep Spanner.

Nije Kast[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 21 desimber 2002 jout De Kast it lêste konsert yn de Amsterdam ArenA. Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse geane fierder mei in nije Ingelsktalige rockgroep neamd Spanner.

Yn jannewaris 2003 kamen Jan Tekstra as sjonger en Fokke de Jong as drummer by de oerbleaune leden fan De Kast. Sûnt oktober 2003 hat de groep dan de namme De Nije Kast. Yn jannewaris 2004 waard de namme wer feroare nei De Kast. Om de minne plateferkeap waard besletten wer op te hâlden mei De Kast. Op 4 july 2004 jûch De Kast in ôfskiedsoptreden yn de Teatertún yn Riis.

Op 10 novimber 2006 hat De Kast noch ien kear optreden, by de Fryske Music Night yn Ljouwert. Yn 2009 waard De Kast lykwols weroprjochte.