Nico Outhuijse

Ut Wikipedy
Nico Outhuijse

Nico Coenraad Outhuijse, bynamme Nook, (Harns, 4 april 1972) is in Nederlânsk drummer en muzykprodusint.

Hy is lid fan de Fryske band De Kast en spilet tusken 2003 & 2006 yn de rockband Spanner, tegearre mei sjonger Syb van der Ploeg. Njonken drummen produsearret Outhuijse De kast, The New Shining, Jelle B, Zipp en Twarres, Kayak en ferskaat oan oare bands yn syn studio: The Grien Room yn Ljouwert. Outhuijse hie mei syn produksje fan The New Shining in radiohit yn Nederlân. It nûmer Can't Make Up My Mind waard moannelang draaid op 3 fm radio 1,2 en 538 en Q music en alle regionale stjoerders en helle de radio 2 Top 2000. It nûmer komt fan it album Stripped/Full Circle.

Neist De Kast is Outhuijse drummer yn Motel Westcoast en yn Syb & Band.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: