Fryske Music Night

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Fryske Music Night is in Frysk muzykbarren dat sûnt 2006 elts jier yn it WTC Expo yn Ljouwert hâlden wurdt.

By it evenemint trede in soad Fryske artysten op, sa hawwe De Kast, Piter Wilkens, Griet Wiersma, Rients Gratama en Gurbe Douwstra optredens jûn by it evenemint. Mar ek sjongers fan bûten Fryslân jouwe optredens, bygelyks Rob de Nijs, Henk Westbroek, Xander en Lee Towers.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle jierren wurde der twa prizen takend. Foar de meast opfallende persoan of selskip is der de Sport- en Kultueraward. Dêrneist wurdt de Oeuvre-award útrikt foar immens heule wurk.

Keppeling om uten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]