Springe nei ynhâld

Epke Zonderland

Ut Wikipedy
Epke Zonderland
sporter
Epke Zonderland (2012)
Epke Zonderland (2012)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Epke Jan Zonderland
bynamme The Flying Dutchman
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 16 april 1986
berteplak De Lemmer
etnisiteit Frysk
lingte 1.73 m
gewicht 69 kg
sportive ynformaasje
sport turnen
ûnderdiel Rekstok
trener Daniel Knibbeler
O.S. Peking 2008,
Londen 2012,
Rio de Janairo 2016,
Tokio 2020
debút 2004
karriêre-ein 2021
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 2012
3x goud WK 2013, 2014, 2018
3x sulver WK 2009, 2010, 2017
3x goud EK 2011, 2014, 2019
3x sulver EK 2010, 2011, 2018
2x brûns EK 2007, 2014

Epke Jan Zonderland (De Lemmer, 16 april 1986) is in Fryske turner.

Syn earste súkses helle hy by de junioaren: yn 2004 wûn hy in sulveren medailje op it tastel Rek by de Europeeske Kampioenskippen yn Ljubljana en helle hy de beste oer- alles skore fan alle dielnimmers oan de mearkamp. Itselde jier waard hy ek Nederlânsk Kampioen mearkamp. Hy naam de titel oer fan syn âldere broer Herre.

By it WK yn Melbourne yn 2005 wienen Epke Zonderland en Jeffrey Wammes de earste Nederlânske manlju yn de skiednis dy’t harren wisten te kwalifisearjen foar de mearkampfinale. Hy bleau op alle tastellen foutleas en helle in alfte plak yn it einklassemint. Yn 2006 wûn hy syn earste wrâldbekerwedstryd: yn Teheran helle hy goud op it ûnderdiel Rekstôk.

By it WK turnen 2007 yn it Dútske Stuttgart op 4 septimber 2007 fertsjinne Zonderland in nominaasje foar de Olympyske Simmerspullen 2008 yn Peking. Hy moat foar in definitive dielname allinnich noch foarmbehâld oantoane yn 2008. Mocht dit slagje dan is Zonderland de earste Nederlânske manljusturner op Olympyske Spullen sûnt Klaas Boot sr. yn 1928. Yn de tastelfinale rekstôk op it WK einige hy op in fjirde plak. Yn 2012 wûn Zonderland goud op de Olympyske Simmerspullen yn Londen.

Op 6 oktober 2013 wûn er op it WK turnen yn Antweerpen goud op de rekstôk. In jier letter op 12 oktober 2014 helle er by it WK yn Nanning fannijs goud. Yn 2009, 2011, 2012 en 2013 waard er ferkeazen ta Nederlânsk topsporter fan it jier.

Yn 2015 hie er lykwols minder gelok. Hy foel by it EK yn Montpellier, dêr't er as lêste einige. By de tarieding foar it WK yn Glasgow rûn er by in training in harsenskodding en in blessuere oan syn tomme op, dêr't er guon wiken net troch traine koe. Dêrtroch koe er de finale net helje en rekke er syn titel kwyt.[1]

By de Olympyske Simmerspullen 2016 yn Rio de Janeiro foel er yn de finale fan de rekstôk. Hy makke de oefening noch wol dien, dochs rekke er de kâns op in medalje kwyt. Op it WK yn Doha yn 2018 pakte er fannijs de wrâldtitel.

Op it EK yn Stettin helle er syn tredde Jeropeeske titel. Hy skoarde 15,266 punten en die neffens kommentator Van Zetten "syn bêste oefening ea".[2]

Epke Zonderland turne by TSH (Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean) op It Hearrenfean.

Op 24 july 2021 hat er lang om let de knoop trochhakke, "it is goed sa".[3] Dêrmei kaam er in ein oan syn sportkariêre.

Fan 2006 oant 2018 studearre er genêskunde oan de Ryksuniversiteit Grins.[4] Yn 2016 boaske Epke Zonderland. Hy hat twa soannen.[5]

  • Op 14 augustus 2012 krige Zonderland in keninklike ûnderskieding út hannen fan minister Edith Schippers. Hy waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau foar syn gouden medalje by de Olympyske Spullen yn Londen.
  • Foar syn gouden medalje op de Olympyske Spullen yn Londen waard Zonderland yn syn wenplak It Hearrenfean op 16 augustus 2012 beneamd ta eareboarger fan dy gemeente.
  • Yn 2012 krige er de Fryske oeuvrepriis 2021[6]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: