Springe nei ynhâld

Klaas Boot sr.

Ut Wikipedy
Klaas Boot
sporter
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 18 july 1986
berteplak Oudkarspel
stjerdatum 13 maaie 1969
stjerplak Bergen
sportive ynformaasje
sport turnje
O.S. Amsterdam 1928
wichtige prestaasjes
71e plak mearkamp

Klaas Boot (Oudkarspel, 18 july 1897Bergen, 13 maaie 1969) wie in Nederlânsk turner.

Hy die mei oan de Olympyske Simmerspullen 1928 yn Amsterdam. Yn de individuele mearkamp einige er op it 71e plak (dat er mei in oar diele moast). Hy siet ek by de Nederlânske ploech dy't achtste waard, al telde de score fan Boot net mei yn de definitive útslach. De oare leden fan de ploech wienen Pieter van Dam, Mozes Jacobs, Hugo Licher, Elias Melkman, Willibrordus Pouw, Jacobus van der Vinden en Israel Wijnschenk. Boot siet by Hercules en waard letter trainer bij De Halter.

De trije soannen fan Boot wienen allegear ek goede gymnasten. De meast ferneamde wie Klaas junior. Sûnt dy syn súksessen wurdt Boot meast Klaas Boot Senior neamd. Klaas Boot ferstoar op 13 maaie 1969 yn 'e âldens fan 70 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: